Gearwurking Frysk Museum en KwadrantGroep ferlinge

maaie 5, 2021 08:52 Fernijd

It Frysk Museum en soarchorganisaasje KwadrantGroep ferlingje harren gearwurking. As ûnderdiel fan it partnerskip organisearret it museum mei meiwurkers fan KwadrantGroep ferskate aktiviteiten foar kwetsbere âlderen. Sa iepene borduerkeunstner Floor Nijdeken moandei yn wensoarchsintrum Greunshiem yn Ljouwert in borduerynstallaasje foar de bewenners.

Foto: Ruben van Vliet

It Frysk Museum en KwadrantGroep wurkje sûnt 2020 gear. De organisaasjes fine inoar yn de oertsjûging dat musea foar elkenien tagonklik wêze moatte, nettsjinsteande âldens, eftergrûn of beheining. In team museumdosinten folge in trening foar it rûnlieden fan minsken mei demintens. By dy oandwaning wurdt it koartetermynûnthâld oantaast. Troch yn de spesjale rûnliedingen just it langetermynûnthâld oan te sprekken, wurdt sosjaal kontakt stimulearre en nimt it selsbetrouwen en gefoel fan weardigens by minsken mei demintens ta.

Borduere op lokaasje
Trochdat it Frysk Museum, krekt as alle oare musea yn Nederlân, op it stuit ticht is, komt it museum nei de bewenners ta. Earder al organisearre it Frysk Museum Keunstpraatmiddeis op lokaasjes fan KwadrantGroep. Dêr dielden bewenners in ferhaal yn mei in museummeiwurker oan ’e hân fan in erfgoedobjekt of in keunstwurk. Spesjaal foar de útstalling Haute Bordure makke keunstner Floor Nijdeken mei studinten Kreatyf Fakman fan it Fryslân Kolleezje in lytsere ferzje fan syn borduerynstallaasje. Op dy ynteraktive ynstallaasje kinne bewenners mienskiplik oan in borduerstik wurkje. De ynstallaasje waard moandei 3 maaie troch Nijdeken oerlange oan twa bewenners fan Greunshiem, dy’t de earste stekken set hawwe.

De borduerynstallaasjes fan Floor Nijdeken binne ek te bewûnderjen yn ’e hal fan it Frysk Museum en sille, as it museum wer iepengiet, tagonklik wêze foar alle besikers om mienskiplik oan in borduerstik te wurkjen. Mei syn ynstallaasje wol Nijdeken, ûnder de neamer fan Crossover Collective, minsken mear mei-inoar yn kontakt bringe. Eat dat ekstra wichtich is yn dizze drege en soms iensume tiden foar bewenners fan it wensintrum.

Op de persoan rjochte soarch
Sawol KwadrantGroep as it Frysk Museum binne bliid mei it ferlingjen fan de gearwurking. Ester Kuiper, lid fan de Rie fan Bestjoer fan KwadrantGroep: “Just yn dizze tiid is it wichtich dat wy de gearwurking fuortsette. Bewenners en kliïnten ûnderfine mear wille en sinjouwing om’t we mei it Frysk Museum de kulturele aktiviteiten oanbiede kinne.”

maaie 5, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.