Fúzje FD en LC?

maaie 20, 2021 08:48

Ynstjoerd

Hjoed-de-dei hat Fryslân twa regionale deiblêden, de relatyf grutte Ljouwerter Krante (LC) en it lytsere Frysk Deiblêd (FD). Wylst it op finansjeel mêd reatyf goed giet mei de LC, giet it min mei it FD. Koartlyn waard bekend dat de NDC Mediagroep, útjouwer fan sawol LC as FD, besletten hat 100 fan de 580 banen te skrassen. Benammen it FD lijt dêrûnder: mar leaft 8 fan de 33 FTE’s by de redaksje sille ferfalle. It is twifeleftich oft it FD dêr noch wol libbensfetber mei bliuwt. Is Fryslân wol grut genôch foar twa deiblêden? Dêrom is it better as beide kranten fusearje ta ien sterke provinsjale krante.
It FD hat fansels in romrofte skiednis mei in sterke klantebining, mar dat is net genôch foar de takomst. It FD sil nea by steat wêze de nedige ynvestearringen te dwaan op digitaal mêd.

Wichtichste ferskil tusken FD en LC is it kristlike karakter fan it FD. Mar dat hoecht gjin argumint te wêzen om apart te bliuwen. Hieltyd mear iepenbiere en kristlike skoallen fusearje ek, benammen omdat dat de iennichste mooglikheid is dat in doarp syn skoalle hâldt. Dus wêrom net in fúzje fan de algemiene LC en it kristike FD ta ien krante mei dêryn in spesjaal katern wijd oan kristlike ûnderwerpen?

Jehannes Elzinga, Frjentsjer

maaie 20, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Th. Dykstra maaie 26, 19:31

    Dochs is it wat te simpel sein om de oplossing te sykjen yn( in) aparte ‘kristlike side(n)’. De skriuwstyl fan de Ljouwerter en ek de kar fan de ûnderwerpen is hiel ferskillend mei dy yn it FD. Minder Telegraaf-eftich en it FD is folle better útbalansearre wat regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal nijs oanbelanget. Wy lêze beide wol, mar de LC hellet net de kwaliteit fan it FD..

  2. Karel F. Gildemacher maaie 26, 20:53

    Thom hat grut gelyk, de FD achtsje ik ek in folle deugdsumer krante as de LC. Seker ek as it om it Frysk giet, dêr wolle se by de Ljouwerter net folle mear of wat langer wat minder fan witte. Hat Jehannes wat dat oangiet mei de kop yn de klaai sitten.
    Fúzje? Wêrom soe dat moatte? Allinne foar it Kapitaal?

  3. Cor Jousma maaie 27, 11:47

    Bêste Thom, bêste Karel,

    As ik nei de Ljouwerter sjoch dan falt my op dat de lêste twa jier yn ynterviews de minsken folle mear Frysktalich sitearre wurde. Ik bedoel dat it net langer giet om ien rigeltsje en fierders Nederlânsk. Sa as dat yn Mulder syn tiid wie. Nee it hiele ynterview lâns is it Fryske sitaten wat de klok slacht.

  4. Jehannes Elzinga juny 9, 13:24

    Oan Cor: it is wol sa dat it y7n de LC sa is, dat it altiten deselde sjoernalisten binne dy’t Fryske sitaten opnimme, bgl. Cor de Boer, Rixt Oenema, Wytske Koen en Roel Anne van der Meer (om samar in pear te neamen). Fan de dominant oan wêzige famylje Pennewaard,benammen Koen, haw ik noch nea in Frysk sitaat sjoen.

    Oan Karel: It FD mei deugdsamer wêze as de (wat frifoale LC), mar ik haw 2 jier lyn ris in moanne lang Frysk byholden yn beide kranten en doe die dochs bliken dat yn de LC benammen mear Fryske sitaten opnaam waarden, yn it FD hast neat. Ik wol dat ûndersyk dit jioer nochris werhelje om te sjen oft de situaasje feroare is. Ik bin wol bang dat de LC der op efterút gien is, mar dat komt ek trochdat der minder Frysktalioge sjoernalisten wurkje (in protte komme fan it Deiblêd fan it Noarden en brûke sawiesa gjin Frysk).
    Neffens my is ien sterke Fryske krante better as twa swakke. As it sa trochgiet, bin ik bang dat it FD ferdwynt, omdat harren doelgroep (âldere kalvinistyske Friezen) útstjert.

  5. Abe juny 10, 11:25

    Ja, doch dy tellerij noch mar ris oer, Elzinga. En dan graach oer in selde tal siden. En sjoch ek efkes nei it tal folslein Frysktalige stikken yn de bylagen. Benijd!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.