Fryslân hat akút karantêne- en isolaasjefasiliteit beskikber

maaie 5, 2021 10:38

Mocht it, ek yn de takomst, nedich wêze, dan is der yn Fryslân binnen 24 oere in karantêne- en isolaasjefasiliteit beskikber. Dêr kinne minsken mei (fertinking fan) koroana of in oare besmetlike sykte yn opfongen wurde. Op 3 maaie hawwe Feilichheidsregio Fryslân en Soarchgroep Alliade dêr ôfspraken oer makke.

Yn sa’n opfangplak is plak foar minsken dy’t thús net goed yn karantêne kinne. Dat kin benammen fan belang wêze foar bûtenlânske reizgers, studinten en bewenners fan in asylsikerssintrum, fertelt Margreet de Graaf, direkteur Publike Sûnens fan GGD Fryslân. “Troch harren op in aparte lokaasje op te fangen is fierdere fersprieding fan de sykte foar te kommen.” Het kan daarbij gaan om COVID-19, maar ook om andere infectieziekten. “Wy hawwe ûnderwilens in protte ekspertize en genôch romte mei foarsjenningen,” is Vincent Maas, foarsitter fan de Ried fan bestjoer fan Alliade, fan betinken.

Direkteur Publike Sûnens Margreet de Graaf fan GGD Fryslân en Vincent Maas, foarsitter Ried fan Bestjoer Soarchgroep Alliade ûndertekenje it konvenant.

De oangeande organisaasjes hawwe de ôfspraken oer in Frysk koroanasintrum nochris befêstige. It Koroanasintrum Fryslân op it Hearrenfean is al mear as in jier yn gebrûk. Sunt 24 maart 2020 binne dêr goed 500 âldere en kwetsbere koroanapasjinten opfongen. Doe’t der ferline jier yn sikehuzen, ferpleech- en fersoargingsynstellingen al gau te min plak wie frege it kabinet om binnen ien wykein yn Fryslân 400 bêden foar te regeljen. De ferpleech- en fersoargingstehuzen wie dêr doe sels ek al mei dwaande, en Fryske hotels stelden bêden beskikber. Der koe gebrûk makke wurde fan in leechsteande ôfdieling by wensoarchlokaasje Anna Schotanus op it Hearrenfean mei plak foar 130 bêden. Sa is it tsjintwurdige Koroanasintrum Fryslân ûntstien.

maaie 5, 2021 10:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.