Frysktalige fesper yn Ljouwert
Resint ferskynd
Sneintejûn 30 maaie wurdt der yn de Grutte of Jakobiner tsjerke fan Ljouwert foar it earst nei in skoft wer in Frysktalige fesper fierd. De foargonger is dr. Liuwe H. Westra fan Lollum. De oargelist is Gerwin Hoekstra, de fêste oargelist fan de Gruttsjerke. De lêzingen wurde dien troch Pytsje Kaastra. De tsjinst begjint om 19.00 oere.
Minsken dy’t der yn persoan (fysyk) by wêze wolle, kinne har foar sneon 29 maaie 16.00 oere opjaan troch in email te stjoeren oan: fryskefesper@gmail.com (eventueel troch te skiljen mei 06 5133 4778).
De fesper is ek online te folgjen op it YouTubekanaal fan de Grutte tsjerke: http://tiny.cc//jacobijner – sjoch fierder op: www.jacobijner.nl.
De liturgy is hjir te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje