Fryske taal hat mear soarten tiidwurden as tocht waard
Resint ferskynd

Oft jo no yn in yngewikkelde wittenskiplike grammatika sjogge of yn in learboek Frysk foar bern: der stiet altyd yn dat it Frysk twa soarten regelmjittige tiidwurden hat: it type bakke en it type wenje. Jo sizze ik bak en net ik bakje. Mar it is ek ik wenje dêr en net ik wen dêr.
Taalkundige Henk Wolf skriuwt op it taalwebstee Neerlandistiek.nl dat it eins minder ienfâldich is. Hy tinkt dat der in tredde soarte regelmjittige tiidwurden is. Dat it it type bongelje. Jo sizze wol ik bongelje, mar ek hy bongelt (neist hy bongelet). Jo kinne ek sizze hy bongelde (neist hy bongele) as jo oer it ferline prate. Wolf lit sjen dat sokke tiidwurden gjin nije, Hollânske ynfloed binne. Se komme al iuwen yn de Fryske taal foar en wurde ek yn Dútslân yn it Frysk brûkt.
It stik is hjirre te lêzen: https://neerlandistiek.nl/2021/05/heeft-het-fries-niet-drie-klassen-regelmatige-werkwoorden-in-plaats-van-twee/
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje