Frysk Museum mei Escher-liet yn finale muzykkompetysje Art Rocks

maaie 8, 2021 09:38

It liet ‘Zal zijn’ fan Felix ter Avest, makke by it wurk ‘Dag en Nacht’ fan M.C. Escher út de kolleksje fan it Frysk Museum, is ien fan de acht finalenûmers fan museumkompetysje Art Rocks. Hûnderten muzikanten fertaalden it ôfrûne jier keunstwurken út Nederlânske musea nei muzyk. Yn ’e finale, sneon 8 maaie om 23.00 oere te sjen op NPO 3, stride de finalisten yn Paradiso Amsterdam om de winst.

Felix ter Avest (boarne: Frysk Museum)

Felix ter Avest liet yn ’e museumomgong mei syn melodieuze nûmer ‘Zal zijn’ de fiif oare ynstjoeringen fan it Frysk Museum efter him. Felix rekke ynspirearre troch it grutte kontrast en de sfear fan it wurk fan M.C. Escher. “It lânskip is yn ien momint yn twa tsjinstelde tastannen te sjen. De ûndúdlike skiedsline tusken fûgels en greide en it dûzeljende perspektyf litte de ôfbylding sawol kalmearjend as driigjend op my oerkomme.” Dy emoasjes binne werom te hearren yn it nûmer, dêr’t Felix net allinnich de tekst fan skreau, mar ek de sjongpartij en it trompetspul fan fersoarget.

Art Rocks
Art Rocks bringt al fiif edysjes lang jongelju en keunst suksesfol byinoar troch middel fan muzyk. De kompetysje daget muzikanten út om in muzikale fertaling fan in keunstwurk te meitsjen. It Frysk Museum is ien fan de fjirtjin dielnimmende musea. Mar leafst 32 muzikanten skreaune in nûmer by in foarwerp út de kolleksje fan it Frysk Museum. Seis fan harren binne úteinlik gadingmakker foar in finaleplak. De ynstjoeringen rûnen tige útinoar: fan in hiphopnûmer by de gesichtsrekonstruksje by it beamkistegrêf fan Hegebeintum oant in gefoelich liet, ynspirearre troch it kollaazjekeunstwurk ‘Thabiso en Tshepiso’ fan de Súd-Afrikaanske Neo Matloga.

maaie 8, 2021 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.