Frysk Museum lansearret firtuele útstalling ‘Haute Bordure’

maaie 22, 2021 08:55

De útstalling Haute Bordure is no online te besjen fia hautebordure.friesmuseum.nl en fia de webside en sosjale media fan it Frysk Museum. Yn in online omjouwing is de hiele útstalling oant yn de lytste details te besjen tanksij foto’s fan Ruben van Vliet. Online besikers kinne fierder alle útstallingsteksten lêze, borduerynstruksjes delhelje en blochs en fideomateriaal besjen. By in stikmannich objekten jout konservator Eveline Holsappel ekstra útlis. Op dy wize kinne besikers altyd genietsje fan de útstalling, dy’t fanwege de koroanakrisis noch net fysyk te besytsjen is, op harren pc, tablet op smartphone.

Foto: Ruben van Vliet/Frysk Museum

It Frysk Museum woe Haute Bordure ynearsten op 13 febrewaris iepenje. Yn ferbân mei de oanhâldende tichtplicht hat de útstalling noch hast net te sjen west, mei útsûndering fan in trijedeiske proef yn april. It museum hopet by de kommende ferromming op 9 juny wer iepen te gean. De útstalling is te sjen oant en mei 18 july, mar bliuwt online beskikber. Dêr kinne besikers Haute Bordure yn alle rêst mei bewûnderje, ek wannear’t de útstalling foarby is of as se it museum net fysyk besytsje kinne.

Foto: Crafts Council Nederland

Haute Bordure
Dit jier presintearret it Frysk Museum in grutte útstalling oer bordueren yn ’e moade. It wer oplibjen fan it ambacht by grutte moadehuzen en hjoeddeiske ûntwerpers wurdt oan ’e hân fan fjouwer iuwen borduerwurk yn histoarysk perspektyf pleatst. Klean en assessoires út de eigen kolleksje wurde oanfolle mei in protte histoaryske en eigentiidske kreaasjes. Fan 18e-iuwske manljusfesten mei minusjeus borduerde roazeknoppen oant in jûnsjurk mei rinkeljende bellen fan Viktor & Rolf, en fan mei goudtried fersierde skuon út 1620 oant de ryk dekorearre japon fan Keninginne Máxima. Foar it earst ûntstiet der in dúdlik byld fan de rol dy’t mei de hân makke borduerwurk yn de Nederlânske moadeskiednis ynnimt.

Twadde printinge boek
By de útstalling ferskynt it boek Haute Bordure mei bydragen fan Eveline Holsappel en Anne-Marie Segeren, ûnder einredaksje fan Karin Gaillard en útjûn troch Utjouwerij Waanders & De Kunst. It boek giet yn op fjouwer iuwen borduerwurk; makkers en dragers, brûkte materialen en techniken, ynspiraasjeboarnen en symbolyk. Detailopnamen toane it grutte fakmanskip dat nedich is foar de útfiering fan de protte minusjeuze stekken dy’t mei it bleate each hast net te sjen binne. It goed ferkochte boek, dat ûnderwilens oan in twadde printinge ta is, is foar € 24,95 te keap fia friesmuseum.nl/webshop. Sa gau’t it musueum wer iepengiet, is de publikaasje ek by de museumwinkel te keap.

De útstalling Haute Bordure wurdt mei mooglik makke troch Mondriaanfûns, Prins Bernhard Kultuerfûns en Margarethe Petronellafûns, VSBfûns en Fûns 21. In stikmannich brûklienen foar langere tiid binne ôfkomstich út de kolleksjes fan de Ottema-Kingma Stichting en it Keninklik Frysk Genoatskip. Inkelde fan de toande stikken binne restaurearre mei stipe fan de Wassenbergh-Clarijs Fontein Stichting.

It Frysk Museum makket diel út fan it gearwurkingsnetwurk fan Modemuze. De gearwurking tusken partijen rjochtet him op kennisútwikseling fia modemuze.nl en it beskikber stellen fan sierade-, moade-, kostúm- en streekdrachtkolleksjes yn Nederlân en België.

It Frysk Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, EZ/Kompas en de BankGiro Lotterij.

maaie 22, 2021 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.