Frysk minder fanselssprekkend troch reorganisaasje Rabobank

maaie 19, 2021 15:04

Klanten dy’t dat graach wolle, kinne noch hieltyd yn it Frysk te wurd stien wurde, sa wol de Rabobank ha. Mar hja moatte der wol o sa op oanstean. Dat docht bliken út de reaksje fan de bank op in klacht fan de Ried fan de Fryske Beweging.

It ferdwinen fan de Rabobank út it strjitbyld hat gefolgen foar it brûken fan it Frysk. Boarne: Wikipedia

Troch de lege rinten rinne de ynkomsten fan banken tebek. Foar de Rabobank is dat oanlieding om in grut tal kantoaren, dy’t omreden fan de koroanagoarre sletten waarden, net wer te iepenjen. Skielk ferdwynt de helte fan de likernôch 230 kantoaren dy’t de bank ferline jier noch hie. Dat is nedich om te besunigjen en it is mooglik om’t yn de koroanatiid bliken dien hat dat petearen meastentiids likegoed digitaal holden wurde kinne, ornearret de bank. Dat lêste is in fuortsetting fan in trend dat minsken langer harren banksaken op de kompjûter of de telefoan berêde en hieltyd minder fisyk in besite oan de bank bringe. Lykwols hat dat gefolgen foar it brûken fan it Frysk.

Nynke Beetstra, skriuwster fan de Ried fan de Fryske Beweging seit: “Fan Jangerben Mulder krigen we de klacht dat er net mear yn it Frysk mei de Rabobank belje kin. As jo it nûmer fan de eigen bank belje, wurde jo automatysk trochskeakele nei de lanlike telefoansintrale. Dêr fersteane se ornaris gjin Frysk.” De Ried hat der in formele klacht oer yntsjinne, mei as motivaasje ûnder mear: “De Rabobank is in koöperative bank dy’t ticht by de minsken stean wol en him ferbûn fielt mei de regio. Dat ideaal fan eartiids wurdt blykber aloan mear loslitten. Soks docht neffens ús ek gjin rjocht oan de posysje fan it Frysk as twadde rykstaal. Friezen hawwe der rjocht op om yn Fryslân yn it Frysk mei harren bank te kommunisearjen, ek telefoanysk.”

Beetstra: “Nei oanlieding dêrfan binne we troch trije Rabo-meiwurkers, wêrûnder in Frysktalich direksjelid, belle. Se erkenne it probleem en hawwe der begryp foar. Mar troch ynkrimping fan it personiel en it tal banken is dy sintralisaasjestap set. Wol hawwe se as oplossing foar Fryslân betocht om minsken dy’t mei de eigen bank yn it Frysk prate wolle dy mooglikheid te jaan. Minsken moatte dat oanjaan en sille dan troch harren eigen bank werombelle wurde.”

maaie 19, 2021 15:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.