Frijheid

maaie 6, 2021 22:23

Skôging

Dietrich Bonhoeffer

Yn Nederlân wiene minsken út it ferset helden. Yn Dútslân wiene it lânferrieders. Fan 1962 ôf libbe ik alle dagen mei literatuer fan en oer minsken út ferset yn Dútslân: de Kreisauergroep, it studinteferset en foaral fia Dietrich Bonhoeffer en syn grutte netwurk.
Yn dat ferset, mar ek yn dat fan de Kreisauers (Moltke), studinten (Scholl), Tutu (Afrika, ynspirator fan Mandela), Martin Luther King (Amearika), Romero, (Súd-Amearika) spile it leauwen yn God in wêzentlike rol.

Byld fan God
Yn persoansnammen út de Bibel blykt de yntimiteit fan minsken mei God. Is de namme fan God earst EL, Israel jout dy God de namme JA(hweh): Elia, God = Jahweh. De folgjende stap is dat God AB = heit wurdt: JOAB, Jahweh = Heit. Dat yntime nimt Jezus oer as oanhef fan syn foarbyldgebed: it Us Heit. Dy tekst heart ta de grutste skatten fan de minskheit.

Idealen
Yn in rige persoansnammen wurdt de namme fan God oan idealen ferbûn:
SEDEQIA: ít rjocht = Jahweh
ABSALOM: Heit = Wólwêzen, Frede
en as útsetter:
HOsea, JOsua, Joshua (Jezus) = Jahweh is help, stimulâns, befrijing.

Yn de Bibel is de minske altyd represintant, saakbehertiger fan God. Op twa mominten hat Israel dy God yntins ûnderfûn. By de úttocht út Egypte (Mozes as represintant) en by de úttocht út de Babyloanyske Ballingskip, mei de tsjinner as saakbehertiger. (Jesaja 42/53) en de magistrale refleksje dêrop yn Jesaja 55 en fierder.

Aktueel
Altyd as frijheid bedrige wurdt, sille dy oerûnderfiningen fan minsken aktueel wurde en opnij ynspirearje. Want de realiteit bliuwt: God Jahweh wol wolwêzen/frede.
As de minske dan mar net ta dwaasheid ferfalt. Psalm 85: 9.

ds. Doede Wiersma

 

 

maaie 6, 2021 22:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.