Film ‘Jihad van Liefde’ te sjen op NPO 3

maaie 28, 2021 09:04

Jihad van Liefde is in ferfilming fan de foarstelling en it boek mei deselde namme oer Mohamed El Bachiri (spile troch George Tobal), dy’t yn 2016 syn grutte leafde Loubna ferlear by de terreuroanslach yn de Brusselske metro. De film fertelt it ferhaal fan in gewoane man, dy’t troch it needlot troffen wurdt, mar yn syn yntinse fertriet, haat mei leafde bestriidt en foar fersoening kiest. In man dy’t minsklik bliuwt, wylst him wat ûnminskliks oandien is. Syn yndrukwekkende ferhaal en boppeminsklike mentale krêft jouwe útdrukking oan syn leafde, fertriet en fearkrêft.

George Elias Tobal (foto: NTR)

Yn de film spilet George Elias Tobal de haadrol. “It is in foarrjocht om sa’n bysûnder en belangryk ferhaal fertolkje te meien. Ik hoopje dat ik mei myn adapsje rjocht dien ha oan it ferhaal fan Mohamed El Bashiri en de teaterfoarstelling fan Eran Ben Michaël. It wie in nederich meitsjende ûnderfining en in bysûndere reis dy’t ik mei Johan en de ploech ôflein ha. Ik bin dêr tige tankber foar”, seit George.

Regisseur Johan Timmers keas derfoar om gjin teaterregistraasje te meitsjen, mar de monolooch te ferfilmjen op it plak dêr’t it ferhaal him werklik ôfspilet: de wyk Molenbeek yn Brussel.

Jihad van Liefde is in telefyzje-adapsje fan de teaterfoarstelling ûnder deselde namme fan Meervaart en SenF Theaterpartners yn gearwurking mei George en Eran Producties en it Amsterdamsk Andalusysk Orkest. De film is basearre op it suksesfolle boek Een jihad van liefde fan Mohamed El Bachiri, optekene troch David Van Reybrouck, dat ûnderwilens mear as 100.000 kear ferkocht is.

George Elias Tobal (foto: NTR)

Tekst en bewurking: Sarah Ringoet
Teaterrezjy: Eran Ben-Michaël
Rezjy telefyzje: Johan Timmers

Oer George Elias Tobal
Akteur, regisseur en teatermakker George Elias Tobal (35) is neist syn suksesfolle teaterfoarstellingen ek bekend fan telefyzjesearjes en films. Hy skittere ûnder mear yn Papadag, Project Orpheus, Com vs Killer en Noord Zuid. Foar de film Jungle krige er in Gouden Keal foar bêste haadrol.

Utstjoering: sneon 5 juny om 23.00 oere by de NTR op NPO 3

maaie 28, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.