Ferfolch Kulturele Haadstêd 2018 mei 100 dagen Arcadia

maaie 9, 2021 08:51

De organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 (de Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018) bringt yn 2022 de earste edysje fan de triënnale Arcadia. Dat ferfolch op LF2018 bestiet út in 100 dagen duorjend kultureel programma, dêr’t de organisaasje omtinken mei freget foar de takomst fan mienskip, lânskip en erfgoed. Arcadia 2022 duorret fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022.

BOSK (boarne: Arcadia)

Arcadia trapet it trijejierliks weromkommend ferfolch ôf mei ûnder mear grutte projekten as Bosk, Paradys en IIs, oanfolle mei in breed kultureel programma, wêrûnder in ryk poadiumkeunsteprogramma. Krekt as yn 2018 wurdt gearwurke mei (ynter)nasjonale en lokale makkers. Sjoerd Bootsma, artistyk lieder: “Arcadia giet oer hoe’t wy ús omjouwing trochjaan kinne as – lykas Friezen dat yn it folksliet sa moai besjonge – it bêste lân fan d’ierde. Oer hoe’t wy goede foarâlden binne en in takomstbestindige erfenis neilitte. Om dêr in antwurd op te finen, freegje wy keunstners om mei de mienskip nije perspektiven te sketsen foar in sûne mienskip yn in duorsume wrâld.”

Earnewâld (boarne: Visit Fryslân)

Njonken de projekten Bosk, Paradys en IIs bestiet it programma út tal fan kulturele projekten dy’t tema’s as iensumens, duorsumens, skiednis en maatskippij beetpakke. Sa komt der in wiidweidich poadiumkeunsteprogramma dêr’t (ynter)nasjonale makkers yn gearwurkje mei lokale mienskippen om regionale ûnderwerpen besprekber te meitsjen. In stikmannich programmaûnderdielen lizze de fokus op kultuer op middel tsjin iensumens, en der is in bysûnder projekt dat mei ynwenners de skiednis fan Ljouwert ûntledet. Dêrneist wurde op ferskate nivo’s skoallen behelle. Arcadia sil dêr yn de kommende moannen mear ynformaasje oer jaan.

Arcadia wurdt fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022 holden. Sjoch op www.arcadia.frl foar mear ynformaasje.

‘Wachtsje op heech wetter’ (foto: Jonathan Doornenbal)

maaie 9, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.