Feie Fonyk: Fuort mei al dy ‘Raden’

maaie 13, 2021 15:53

Jos van Kemenade (1937-2020). Boarne foto: Wikimedia Commons

Neffens it lêste advys fan de ‘Onderwijsraad’ is in trijejierrige brêgeperioade yn it fuortset ûnderwiis better foar alle learlingen. De ried sjocht net dat wy al in achtjierrige brêgeperioade hawwe: de basisskoalle. Heechste tiid om bern net langer byinoar te hâlden, mar dêrnei ûnder te bringen yn in skoalle dy’t past by harren kapasiteiten en ambysjes.

De saneamde middenskoalle fan minister Jos van Kemenade is nea wat wurden en dat is mar goed ek. Ik kom geregeld yn Frankryk. Dêr hawwe se in ‘ûnderwiisparadys’ lykas no troch de Onderwijsraad foarsteld wurdt. It is it collège unique, fuortset ûnderwiis foar alle learlingen fan alve oant fyftjin jier. Dy mearjierrige brede oplieding is in ramp foar in soad learlingen en it hat hege skoalleútfal fan gefolgen.

De diskusjes oer ûnderwiis wurde yn ús lân al jierrenlang gizele troch saneamde efterstannen en ûngelikense kânsen. Minsken ferskille faninoar. Efterstân en foarsprong binne part fan de normale minsklike fariaasje. Skoallen hawwe der net in soad ynfloed op en moatte dat ek net wolle. Wy moatte de ferskillen just fiere yn stee fan se te problematisearjen. Boppedat hat ús maatskippij grut ferlet fan minsken dy’t ree binne om letterlik de hannen út de mouwen te stekken. Wat is der eins mis mei minsken dy’t sa harren brea fertsjinje? Yn de hiele diskusje oer ûnderwiisefterstân sit de ûnútsprutsen suggestje dat minsken sûnder in hegere oplieding tekoartsjitte. Binne sy de paria’s fan ‘e ‘kennismaatskippij’? In soad leechoplate Nederlanners hawwe muoite om in baan te finen. Dêr wurdt út konkludearre dat it needsaaklik is om in heech opliedingsnivo te hawwen foar in bepaalde baan. Dat is net sa. Banen dêr’t yn it ferline immen mei in ulo-diploma maklik wurk yn fûn, wurde no ynnommen troch lju dy’t universitêr ôfstudearre binne. Se ferkringe de minderoplaten, dy’t dat wurk likegoed dwaan kinne.

Tajûn, der binne problemen. Amin Maalouf hat it yn syn resinte Le naufrage des civilitations (de skipbrek fan de mienskippen) oer de fierdergeande kompjûterisearring en robotisearring, dêr’t in soad banen troch ferdwine. Foar in part wurdt de kleau tusken ryk en earm dêr grutter troch. Spitigernôch hat it ûnderwiis dêr gjin oplossing foar.

De Onderwijsraad konkludearret dat bern soms yn in ‘ferkeard hokje’ bedarje. Dat is wier, mar it kin oplost wurde troch rommere mooglikheden te jaan om yn it fuortset ûnderwiis fan rjochting te feroarjen. It ‘steapeljen’ fan opliedingen soe ek makliker wurde moatte.

Spitigernôch hat der nea in Nederlânske werprinting west fan it boek De juiste man op de juiste plaats: de opkomst van de meritocratie 1870 – 2033 (The Rise of the Meritocracy), dêr’t Michael Young yn 1958 de ‘meritokratyske maatskippij’ yn yntrodusearre. It giet oer talint, fertsjinsten en prestaasjes. Op grûn dêrfan kriget elkenien wat him of har takomt. De problemen dy’t Young beskriuwt as tsjustere kant derfan binne aktueel. Wy hawwe in meritokratyske maatskippij yn ús lân. De dagen dat in dûbeltsje nea in kwartsje wurde koe, binne gelokkich foarby. Wy hawwe net in soad ferburgen talint mear, útsein by ‘nije’ Nederlanners. It idee dat elk dûbeltsje in kwartsje wurde moat, laat ta problematyske edukative en sosjale ûntjouwingen. Dat begjint al by beukers. Se wurde toetst en test en moatte fan alles leare. Aldere bern wurde ûnderwurpen oan in gigantyske batterij fan toetsen, lykas Young mei foarútsjende blik beskreau. De klam op prestaasjes en hege útkomsten hat it neidiel dat in soad learlingen nea oan de hege easken foldwaan kinne. Se hawwe de kapasiteiten en ambysjes net.

Bern sitte acht jier op de basisskoalle. Dat is te beskôgjen as ien lange brêgeperioade. De juf en de inkelde master fan de âldste bern witte hoe dreech oft it is om rjocht te dwaan oan alle bern fan dy jierren. Dat wurdt hieltyd lestiger by it âlder wurden. De ferskillen wurde grutter en grutter.

Mei de útkomsten fan de kommisje Dijsselbloem fan 2008 yn ‘t sin (der waarden in soad ûntrochtochte fernijingen ôfsketten) soe ik earst mar ris wiidweidich oerlizze mei de learkrêften dy’t it útfiere moatte, foardat dat jammerdearlike plan fan de Onderwijsraad útfierd wurdt. Boppedat sil bliken dwaan dat as de definitive nivofêststelling nei trije jier ferskoot, letter it ‘probleem’ yn folle krêft weromkomt. Tsjûgen fan Jehova hawwe mar ien heilbringend berjocht, mar ûnderwiiskundige fernijers, al dy PO-, VO-raden en no de Onderwijsraad komme hieltyd mei wat nijs om har te profilearjen of harren oerstallichheid te maskearjen. Ik jou ta dat men foarsichtich wêze moat mei de saneamde ûnderfiningdeskundigen, mar dochs dit: Doe’t ik noch lesjoech, frege ik my wolris ôf wêrom’t al dy praatsjemakkers net sels foar de klasse stean giene om sjen te litten wêr’t se oaren fan besochten te oertsjûgjen.

maaie 13, 2021 15:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cees van der Meulen maaie 15, 11:41

    Feie Fonyk wol fan dy rieden ôf dy’t de middenskoalle ynfiere wolle. Hy makket gehak fan dat idee. Ik haw syn kollum mei plezier lêzen. Cees van der Meulen, âld-dosint Bogerman.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.