Feie Fonyk: De Ried is ‘woke’

maaie 29, 2021 07:55

Kollum

Jo moatte oppasse mei wat jo sizze. Stel, jo hawwe op it stasjon yn Utrecht in fraach oan in man of in frou. Is it dan tastien om te sizzen: “Meneer of mevrouw, ik heb een vraag”, of moatte jo sizze: “Beste medereiziger, ik heb een vraag”? De meidielingen op it de treinstasjons begjinne ommers mei: “Beste reizigers”, en dan folget bygelyks dat de trein hjoed net fan perron 3 mar fan 5 giet. NS docht dat omdat der minsken binne dy’t gjin man of frou binne. of harren gjin man of frou fiele – dat skynt yn dizze tiid ek foar te kommen – en dy kinne harren steure oan dat “Dames en heren”. Hawar, ik haw der frede mei, mar wêr bliuwt it wolkom foar hûn Bijke dy’t mei my yn de trein stapt?

It spoar is ‘woke’ wurden. Dat betsjut dat NS him – it spyt my foar de foarstanners fan ‘genderneutraal taalgebruik’, mar it Groene Boekje jout oan dat ‘spoorweg’ in manlik wurd is – it betsjut dus dat de NS him der bewust fan is dat guon wurden misledigjend of ferfelend wêze kinne. Jo moatte gjin oanstjit jaan, jo moatte ‘woke’ wêze, jo bewust wêze fan rasiale en sosjale diskriminaasje. Ik haw ‘woke’ opsocht yn myn The new Penguin English dictionary út 2000. It boek hat 1642 siden, dêr sil it net oan lizze, mar by ‘woke’ stiet allinne: ‘past tense of wake’. It wurd bestie doe dus noch net yn de moderne betsjutting.

No bin ik fan betinken dat it rjochtfeardige is om bytiden wol ferskil te meitsjen en jo net te bekroadzjen om alle gefoelichheden fan minsken. Sa haw ik by de maraton noch nea in Lap (dat binne minsken fan de befolkingsgroep de Samen yn it noarden fan Sweden en Noarwegen) sjoen, mar wol hurdrinners út Etiopië mei fan dy lange skonken. Dat is in dúdlik foarbyld dat de iene befolkingsgroep mear en oare dingen kin en docht as de oare. Jo moatte dus bytiden konklúzjes lûke dy’t guon in foarm fan diskriminaasje fine soene, mar dy’t dat net binne, want jo meitsje dat ferskil net sûnder reden.

It wurd ‘neger’ mei net mear brûkt wurde, om fan in ‘swarte’ net te praten. Yn ‘e sûnensoarch is it dochs somtiden fan belang om der rekken mei te hâlden wêr’t ien weikomt of hoe’t ien der útsjocht. Der binne genetyske ferskillen yn syktekânsen tusken befolkingsgroepen. Sa komt de sikkelselsykte amper foar by minsken fan wa’t de foarâlden hjir al iuwen wenje, mar wol by minsken út Noard-Afrika en út lannen súdlik fan de Sahara. As jo as dokter dus in sike swarte man of frou sjogge mei dy sykte, dan hawwe jo in dilemma by de ferslachlizzing, want jo wolle ommers gjin wurden brûke dy’t net ‘woke’ binne…

In oar foarbyld: Der wurdt wat langer wat mear bekend oer de wurking fan medisinen dy’t by froulju oars útpakke as by manlju. Angela Maas is heechlearaar yn Maastricht. Se skreau yn 2019 Hart voor vrouwen. Yn dat boek leit se út dat der by froulju ferkearde diagnoazen oangeande hertkwalen steld wurde, omdat der te folle útgien wurdt fan ûndersyk by manlju. Jo moatte as dokter wol op ’e hichte wêze fan sokke ferskillen.

Mar it moaiste foarbyld fan ‘woke’ wêzen bliuwt fansels de Ried fan de Fryske Beweging, want wat hat dy net in skerpe noas foar diskriminaasje en sosjale efterstelling en dat al jierren.

maaie 29, 2021 07:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne maaie 29, 15:39

    Oer slaven meie we it ek net mear hawwe fan de woke lju. Dyen binne ‘ta slaaf makke’. In hiel mûlfol. Wylst slaaf neffens it wurdboek betsjut: in persoan dy’t eigendom fan in oar is. Dat soks net in frije kar fan dyjinge is, is dêrom nei myn betinken al yn it wurd sels beflapt. Allyksa is in allochtoan neffens de Van Dale ien dy’t earne oars wei komt. Dat, wêrom moatte wy dy dan no ‘persoan mei migraasje-eftergrûn’ neame? Unnedich wurchsum, sok praat yn wurdboekferklearrings.

    En dan moatte we ek konsekwint wêze. Sa fyn ik it eins frijwat misledigjend fan de NS, dat dy my in reizger neamt. Ik bin mei fan alles te typearjen en dus oan te sprekken mar benammen moarns betiid haw ik der just hielendal gjin ferlet fan om foar reizger útskolden te wurden. Want – hoewol om de koroana de lêste tiid (gelokkich) folle minder – bin ik troch reorganisaasjes twongen om einen te reizgjen. Dêr haw ik sels hielendal gjin ferlet fan. Dat, lit de NS my dan tenei mar as ‘ta reizger makke’ oantsjutte!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.