‘Fan binnenút’ oanfolle mei ferdjipjende podcastrige

maaie 4, 2021 08:54

As oanfolling op de telefyzjesearje Fan binnenút: wa soarget foar in feilich libben? komt Omrop Fryslân mei in trijedielige, ferdjipjende podcastrige. Yn de telefyzjesearje sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren by it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland. Yn de podcast giet Werkman yn petear mei Veilig Thuis-meiwurkers, gedragswittenskippers en fertrouwensdokters. De saakkundigen fertelle hoe’t men as buorman, juf, beppe of fuotbaltrainer in bern helpe kin.

Foto: Omrop Fryslân

Moandei 3 maaie kaam de earste fan de trije podcastôfleveringen online.

Komplekse skiedings
De earste ôflevering fan de podcastrige giet djipper yn op komplekse skiedingen, dy’t hieltyd faker foarkomme. Gedrachswittenskipper Lutske de Vries nimt de harker mei yn ’e holle fan de âlden, en húshâldingsfâd (gezinsvoogd) Mirjam Hogeboom fertelt it ferhaal fan it bern. Yn de twadde ôflevering fertelle Maryse en Anita, twa meiwurkers fan Veilig Thuis Friesland, oer hoe’t men mei in bern sels yn petear gean kin. Yn de lêste ôflevering beskriuwe fertrouwensdokter Jenny de Leeuw en psycholooch en ortopedagooch Femke Boersma wat de langetermyngefolgen binne fan bernemishanneling.

Telefyzjesearje
Yn de telefyzjesearje ‘Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?’ sjocht Miranda Werkman efter de foardoar mei meiwurkers fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. Dêr wurkje 250 minsken oan de feilichheid fan tsientûzen gesinnen. De searje lit sjen hoe dreech oft it is om yn te gripen achter de foardoar; de grins tusken privacy en feilichheid. Werkman folget jeugdbeskermers en jeugdreklassearders yn harren wurk en sjocht efter de skermen by Veilig Thuis Friesland.

De podcastrige is sûnt 3 maaie wykliks te beharkjen op Omropfryslan.nl en op Spotify.

Alle ôfleveringen fan de telefyzjesearje ‘Fan binnenút: wa soarget foar in feilich libben?’ binne werom te sjen op Omropfryslan.nl/fanbinnenut.

maaie 4, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.