Erasmus MC ûndersiket tromboaze troch faksins

maaie 1, 2021 09:39

Foto: pixabay.com

De slimme bywurking dy’t de faksins fan AstraZeneca en Janssen soms feroarsaakje, wurdt noch hieltyd net begrepen. It is ûnderwilens dúdlik dat de seldsume kombinaasje fan in tromboaze yn de harsens, dy’t lykop giet mei in tekoart oan bloedplaatsjes, feroarsake wurdt troch in auto-ymmúnreaksje. Mar wêr’t dat krekt troch komt, is noch net bekend.

Der binne in protte oarsaken tinkber dy’t ûndersocht wurde moatte. It probleem is tige kompleks. Earder warskôgen saakkundigen al foar in ‘hyperfokus’ op de mooglike bywurkingen fan faksins. Neffens harren is it wichtich dat der nei de grutte fan it risiko fan de mooglike bywurkingen sjoen wurdt: men moat sjen nei de foardielen en de neidielen fan in in faksin en dy tsjinoar ôfwage. Yn dit gefal is is risiko tige lyts, sizze de eksperts.

maaie 1, 2021 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.