Emiel en Gurbe mei lûdswein troch Fryslân: hâld katten nachts binnendoar!

maaie 11, 2021 08:46

Oprop om katten nachts binnendoar te hâlden

‘Piken yn it lân, poes yn ’e koer’, skalt it út de lûdsprekkers. Mei in opvallende lûdsauto ride Emiel en Gurbe troch Fryslân om minsken op te roppen harren kat yn ’e maitiid nachts binnendoar te hâlden. De sjonger en akteurkat dogge dat yn in filmke as ûnderdiel fan de bewustwurdingskampanje.

Emiel Stoffers (foto: BFVW)

De kampanje is yn april úteinset doe’t de earste greidefûgelpiken út it aai krûpten. De kwetsbere piken falle faak te’n proai oan predatoaren, dêr’t katten ek by hearre. Dêrom wize ûnderskate partijen kattebesitters derop harren húsbist of pleatskat yn it briedseizoen as it tsjuster is binnendoar te hâlden. “Nachts it kattelûk op slot of de skuorredoar ticht. It is in lytse muoite om in soad greidefûgelpykjes te rêden”, seit inisjatyfnimmer Age de Jong fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. De kampanje wurdt stipe troch de provinsje Fryslân, natuerorganisaasjes en agraryske kollektiven yn Fryslân en Fûgelbeskerming Nederlân.

Foto: BFVW

Twadde filmke
It earste filmke mei yn ’e haadrol sjonger Emiel Stoffers en boarre Gurbe, spile troch Abatutu, de ferneamdste kat fan Nederlân, is ûnderwilens tsientûzenen kearen besjoen op Facebook en YouTube. Om noch mear minsken mei it kampanjeboadskip te berikken, stiet no in twadde filmke online. Dat is te sjen op de side facebook.com/poesindemand, op it kanaal fan Poes yn ’e koer op YouTube en op de webside www.poesindemand.nl.

Besjoch it twadde filmke:

maaie 11, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.