Ekstra foarstellings ‘Floed’
Resint ferskynd
De belangstelling foar Floed, in bysûndere teäterûnderfining by it Woudagemaal, is grut. Der binne al seis foarstellings útferkocht. Dêrom is besletten om fjouwer ekstra foarstellings te spyljen op 22 en 29 septimber.
De nije foarstelling Floed is de kroan op it 100-jierrich bestean fan it Ir. D.F. Woudagemaal op ‘e Lemmer. Stichting de Noorder Smederij bringt de foarstelling koroanafeilich yn septimber/oktober fan dit jier. Spesjaal foar dit jubileum biedt Wetterskip Fryslân it UNESCO Wrâlderfgoed oan as poadium foar dizze Frysktalige teäterproduksje. Underdompele yn teäter en muzyk belibbet de taskôger it ferhaal fan Floed yn en om it Woudagemaal.
It ferhaal fan Floed
It Woudagemaal fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal is noch hieltyd net ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal. Mare hat mar ien grutte leafde yn har libben, it wetter. Dy leafde feroaret yn in einleas langstme nei wetter, nei mear wetter. As Mare by de Iselmar leafdesbrieven oan it wetter skriuwt, beslút Gula om it Woudagemaal út ’e sliep te heljen. It wetter foar it gemaal komt driigjend omheech. It gemaal begjint hieltyd hurder te draaien, mar sil it op ‘e tiid wêze om Mare te rêden?
Spyldata en kaartferkeap
Spyldata: 17 septimber o/m 2 oktober 2021. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes.
Foar kaarten en mear ynformaasje sjoch op: www.floed.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje