Dútsk ferfangt Frysk as fiertaal by online-ûnderwiis

maaie 18, 2021 21:16

Yn in protte gebieten is it gewoan dat de regionale taal ek de fiertaal yn it ûnderwiis is. Oft men no yn Quebec of yn Brussel is, yn Kataloanië of yn Wales, der binne altyd skoallen te finen dêr’t net de lânstaal mar de eigen taal brûkt wurdt om de bern sturtdielings út te lizzen en te fertellen wa’t Napoleon wie.

Fryslân is op dat stik fan saken in útsûndering. Sels op de measte trijetalige skoallen is it Hollânsk de foarnaamste útlistaal. Dochs is der in skoalklasse dy’t hast allinne mar les krijt yn it Frysk. Dat is in klasse fan in skoalle bûten de provinsje Fryslân, yn de regio Sealterlân yn Dútslân. Dêr wurdt it saneamde Sealterfrysk praat.

De Litje Skoule yn it doarpke Skäddel is in pear jier lyn begûn mei it opsetten fan in klasse dy’t – op Dútsk en Ingelsk nei – alle fakken yn it Frysk krige. Alden koene oanjaan oft har bern yn de Dútsktalige of yn de Frysktalige klasse les krige.

De koroanasykte hat lykwols de kat yn it jern smiten. Trochdat de klassen troch de helte giene, de bern gjin mooglikheid hiene om it Frysk te oefenjen en trochdat de online-lessen foar sawol de Frysktalige as de Dútsktalige klassen oanbean wurde moasten, slagge it net mear om foar ferskate groepen ferskate talen te brûken. Tige tsjin it sin hat learares Ingeborg Remmers dêrom de Frysktaligens oerjûn en har lessen yn it Dútsk jûn.

Wol hat hja, om dochs wat foar it Frysk dwaan te kinnen, in Fryske foarlêswedstryd organisearre. Dy waard oars troch de regionale oerheid organisearre, mar dy hat him om ‘e koroana oergean litten. Hja hat it dêrom sels dien: de bern derop tariede koe ek wol fia online-ûnderwiis en de úteinlike wedstryd wurdt ek fia de kamera hâlden.

maaie 18, 2021 21:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.