Ds. Cohen fan Dokkum en Himelfeart

maaie 13, 2021 07:03

Oertinking

Moaie oantinkens bewarje ik oan de betinking yn Dokkum fan de sechstichste stjerdei (yn 2002) fan de Joadske dûmny Jozef Wilhelm Bernhard Cohen. Dat syn bern en bernsbern dêrby wienen, joech in aparte sfear oan ’e tsjinst. It die my hiel wat dat ik fan 2000 oant 2003 op ’e preekstoel stie dêr’t hy yn ’e jierren 1935 oant 1941 op stie te preekjen.

Altyd al hie Cohen him profetysk keard tsjin wantastannen as earmoed, wurkleazens, militarisme en hy fersette him direkt tsjin de nazy-ideology doe’t dy opkaam.

Syn preken waarden beharke troch NSB’ers. Om wat er yn in preek op 15 juny 1941 sei, waard er oppakt, finzen set yn Ljouwert en nei it konsintraasjekamp Dachau stjoerd, dêr’t er it oare jiers stoar. “Mei ljocht omstriele reizgje Gods bern. Ek nei Dachau”, sei in Dútske dûmny en dûmny Cohen wie dêr ien fan.

Yn syn lêste preek yn Dokkum sei er: “As se my om de wierheid, om myn leauwe yn Kristus Jezus deameitsje, dan bin ik ommers by Jezus yn ’e himel. Wy belibje Him as in krêft dy’t troch lytse minsken streame kin, de krêft fan God, Kristus, dy’t is oan de rjochterhân fan God.”

Kristus oan ’e rjochterhân fan God, dat is wêr’t it op Himelfeartsdei om giet. By alle ramp en wee yn ’e wrâld leart Himelfeart ús dat de kweade machten ienris belies jaan sille. De himel, de iene helte fan ’e werklikheid, is al frij fan it kwea. De oare helte sil ienris ek befrijd wurde. Dêrom bidde wy mei it Us Heit dat de wil fan God dy’t yn ’e himel al dien wurdt, ek op ierde dien wurde sil. Salang’t dat net sa is, stiet Kristus de leauwigen op ierde by yn har striid.

Ear’t it kwea oer de ierde kletteret, as hynders op ’e rin (Iepenbiering 6:1-8), sjocht Johannes Kristus as it Laam dat slachte (krusige) is, mar opstien yn ’e himel (5:6).

Hjoed sjonge wy mei Liet 380 (Gesang 232):

Jo binne fier, mar ús sa nei,
hoe fûl de striid ek wurde mei,
Jo binn’ de wei.

Lêze: Liet 380

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maaie 13, 2021 07:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.