Dit jier ek Simmerskoalle yn MartiniPlaza
Resint ferskynd
Fanwegen grut sukses organisearje Theater De Steeg en MartiniPlaza Grins dit jier ek wer in Simmerskoalle foar de jongerein fan 11 oant 18 jier. De lêste wike fan de simmerfakânsje (16 o/m 22 augustus) stiet hielendal yn it teken fan teater, musical, sjongen, kabaret en film. Bysûnder dit jier is de gearwurking mei teater-foaroplieding De Noorderlingen en Noordpool Troupe, it jonge suske fan it Noordpool Orkest.

Foto: Wikipedia/Pepijnkoning – CC BY 3.0
By de Simmerskoalle folgje de dielnimmers fan moandei oant en mei freed alle dagen wurkateliers fan entûsjaste en betûfte profesjonele teatermakkers, útfierders, sjongeressen, musisy en filmmakkers. Mei-inoar wurkje se ta nei koarte sênes en útfieringen, dy’t yn it ôfslutende wykein yn in oantal optredens oan it publyk presintearre wurde, ferskate bysûndere plakken troch hiel MartiniPlaza.
Alve- oan achttjinjierrigen dy’t graach aktearje, in film meitsje, sjonge, útfiere en yn it grutste teater fan Grinslân skitterje, kinne har oanmelde foar de Simmerskoalle 2021. Underfining en net nedich, mar mei fansels wol.
Mear ynformaasje en oanmelde: www.martiniplaza.nl/zomerschool.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje