‘Dit is de dei…’, Fryske ferhalen foar jong en âld

maaie 1, 2021 07:03

Boarne: Foekje-Fleur Fink

Mei it publisearjen fan de ferhalen fan Himelfeart en Pinkster is it projekt ‘Dit is de dei’ fan Foekje-Fleur Fink ôfrûne. Yn 42 ferhalen hat de skriuwster it bibelboek Lukas op in bysûndere wize neiferteld. Se folget Sara en Simon, twa Joadske bern út it begjin fan ús jiertelling, dy’t mei harren grutte broer Daniël, heit en mem, pake en beppe en oare famylje geregeld wat te witten komme oer Jezus, dy’t doe yn Palestina libbe en omreizge. Alderhande minsken dy’t Him sjoen en heard hawwe fertelle dêroer. Sa krije Sara en Simon de ferhalen út de earste hân en belibje dy op harren eigen wize.

Frou Fink hat learares en dominy west; se wit wêr’t se it oer hat en it giet har goed ôf om dat oan oaren yn fersteanbere taal oer te bringen.

De rige ferhalen is te finen op www.foekjefleurfink.nl/verhalen.php.

maaie 1, 2021 07:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.