Disneyland wer iepen, mar Mickey oankrûpe mei net
Resint ferskynd
Foar it earst yn trettjin moanne binne besikers wer wolkom yn Disneyland, yn de Amerikaanske steat Kalifornië. Fjouwer moanne lyn hie dy steat noch te krijen mei sa’n heech tal koroanabesmettingen en safolle ynwenners dy’t yn it sikehûs opnommen wurde moasten dat pasjinten bûten yn tinten behannele wurde moasten.
Der jilde noch wol ferskate maatregels yn it ferdivedaasjepark. Sa moatte alle besikers mûlekapkes drage en meie se dy allinnich op spesjaal dêrfoar oanwiisde plakken ôfsette om wat te iten. Disneyfigueren meie net oankrûpt wurde en foarearst binne der gjin optochten en fjoerwurksjo’s, om foar te kommen dat te folle minsken tagelyk op ien plak binne.
Alle jierren komme der sa’n 19 miljoen minsken nei it park yn Anaheim. Foarearst hoecht Disneyland net op tige hege besikersoantallen te rekkenjen. Net mear as in fearn fan it normale tal besikers mei yn it park wêze. Disney-bestjoerder Bob Chapek rôp by de weriepening de meiwurkers op om de “magy werom te bringen yn it park.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje