‘Denemarken hâldt op mei Janssen-faksin’

maaie 3, 2021 16:53

Denemarken skrast it Janssen-faksin út it faksinaasjeprogramma, fanwege de seldsume bywurking fan tromboaze en in leech tal bloedplaatsjes. Dat berjochtet de Deenske krante B.T. op basis fan boarnen. In oare Deenske krante seit dat it wol mooglik bliuwt om frijwillich in Janssen- of AstraZeneca-faksin te nimmen.

Foto: pixabay.com

Foarige moanne waard al bekend dat Denemarken foarearst net úteinsette soe mei it ynintsjen mei Janssen. De Denen holden doe ek op mei AstraZeneca-faksinaasjes. Neffens de krante B.T. rint it faksinaasjeskema no in protte fertraging op, en sille de lêste âldensgroepen faaks pas yn de hjerst yninte wurde kinne.

It Europeesk Genêsmiddeleburo (EMA) hat yn april de bywurkingen fan beide faksins ûndersocht, nei oanlieding fan meldingen fan tromboaze en in ferlege tal bloedplaatsjes nei yninting mei ien fan dy faksins. It EMA sjocht de bywurking as tige seldsum en oardiele dat by beide faksins de foardielen swierder wage as de risiko’s.

maaie 3, 2021 16:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.