De woestyn wurdt in hôf
Resint ferskynd
Oertinking
Wat in hôf is, wit ik. Ut myn wurkkeamer wei, sjoch ik derop út. Wy kinne oant maart ta apels ite út dat hôf. By ’t winter liket alles dea, it gers is giel, de tûken binne keal. Mar de snieklokjes bloeie en de titelroazen sitte yn ’e knop. Aanst sil it hôf yn ’e bloei stean en wer letter komme de fruchten. Winter wurdt maitiid en dan komt de simmer.
Sá sjocht Jesaja de woestyn foar syn eagen in hôf wurden.
‘Woestyn’ dat is wat hjir de winter is. Wide flakten mei sân, stiennen, wat tisterkes en toarnen. Iten en drinken is der net. It libben is faai, de dea hearsket dêr oppermachtich. ‘Woestyn’ is byld fan in mienskip dy’t net hiel is. ‘Woestyn’ is diskriminaasje, ûnrjocht, ûnderdrukking, rôverij, gemienichheid.
As se my midden yn ’e nacht wekker meitsje en freegje: “Wat is Pinkster?”, dan rop ik: “De woestyn wurdt in hôf!”
Fan Jesaja learde ik: “As de Geast fan omhegens útstoart wurdt, dan wurdt de woestyn in hôf.”
Wy fiele wer dat it God om syn skepping giet. Hy wol alles wat de trekken fan woestyn hat, omfoarmje ta hôf. Sels de wurkezel en -okse diele yn dy befrijing (Jesaja 32:20). De Pinkstergeast soarget wrâldwiid foar ekologyske kreativiteit.
Dorothee Sölle hat dat moai ûnder wurden brocht yn de titel fan ien fan har boeken: Den Himmel erden. Dat kin eins net letterlik oerset wurde yn it Frysk. Wy soenen faaks sizze kinne: De ierde him(m)elje…
Se beslút har boek: ‘Kom, azem fan God, kom oer ús, dat wy mei alle skepsels leare te libjen. Meitsje ús fan (mis)brûkers ta hoeders, meitsje ús fan brekkers ta bouwers. Fernij ús herten en fernij it oansjen fan de skepping.’
O Geast, help ús om fan de woestyn in hôf te meitsjen!
Lêze: Jesaja 32:15-17
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje