De takomst fan ‘Andere Tijden’

maaie 15, 2021 08:52

Fan 2022 ôf tsien moanlikse útstjoeringen op moandeitejûn

Fan takom jier ôf ferskoot it programma Andere Tijden fan achttjin ôfleveringen op de lette woansdeitejûn nei tsien moanlikse (langere) útstjoeringen op moandeitejûn op in gaadlike tiid. Dêrneist kriget de NTR-skiednisredaksje ek noch oare mooglikheden om ta in folweardich programmapakket te kommen, dêr’t kontinuïteit en kwaliteit troch boarge bliuwe. Dat en mear is de útkomst fan petearen tusken NPO en NTR.

Astrid Sy (foto: ©Lilian van Rooij)

Stipebetsjûgingen
Sûnt bekend wurden is dat de NPO it foarnimmen hat om op te hâlden mei de reguliere útstjoeringen fan Andere Tijden reint it stipebetsjûgingen oan it programma en de makkers. Sjoggers litte manmachtich fan har hearre, mar ek dosinten út it basis-, fuortset en heger ûnderwiis, kollega-sjoernalisten, politisy en histoarisy. Wat de doar tichtdie wie in petysje, start troch in 24-jierrige studinte, dy’t yn in wike tiid troch goed 83.000 minsken ûndertekene is.

Belang fan skiednisprogrammearring
De meidieling dat de reguliere ôfleveringen fan Andere tijden skrast wurde sille, kaam minsken nuver oer it mad. Lokkich waard ek gau dúdlik dat it net de bedoeling wie om de skiednisprogrammearring ôf te skaffen, mar just om dy oerein te hâlden. Foar it takomstbestindich meitsjen is it nedich om nije programmafoarmen te finen, sadat neist it besteande trouwe publyk ek by in nij (jonger en breder) publyk de belangstelling foar skiednis stimulearre wurdt, lit de NTR witte.

Nije ynfolling
Nei in konstruktyf petear tusken NTR en NPO is no mear dúdlik oer de plannen foar de konkrete ynfolling. De titel Andere Tijden bliuwt bestean, sa’t de NPO ek al oanjûn hie. Mei yngong fan 1 jannewaris 2022 ferdwine de achttjin reguliere ôfleveringen fan 25 minuten. Dêr komme foar yn it plak tsien moanlikse ôfleveringen fan fyftich minuten, om 20.25 oere. Dêrneist sil de skiednisôfdieling oantreklike dokumintêresearjes meitsje, dy’t har goed liene foar NPO Start en sille der nije skiednisprogramma’s ûntwikkele wurde foar ynternet. Foar de lange en koarte skiednissearjes feroaret der neat.

Willemijn Francissen, mediadirekteur NTR: “Al mei al binne wy derfan oertsjûge dat wy mei dit pakket trochgean om yn de behoefte oan heechweardige skiednisprogrammearing te foarsjen, net allinich foar de hjoeddeiske sjoggers fan Andere Tijden, mar ek foar in nij publyk, benammen ek foar nije generaasjes. De NTR-skiednisredaksje is klear foar de takomst. In protte tank oan elkenien dy’t yn de ôfrûne tiid syn of har stipe útsprutsen hat.”

maaie 15, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.