De Lawei ûndergiet metamorfoaze foar Wike fan de Frijheid

maaie 3, 2021 08:30

Yn ’e wike fan 3 o/m 9 maaie jout De Lawei folop omtinken oan it betinken fan de Twadde Wrâldoarloch en it fieren fan de frijheid. Mei de projekten Teater nei de Dam en it Frijheidssop follet De Lawei in selsorganisearre Wike fan de Frijheid yn. Om dat ekstra krêft by te setten, hat De Lawei in metamorfoaze ûndergien. Fan ’e wike is it gebou mei de read-wyt-blauwe flagge fersiere en binne der op de ruten fragminten te lêzen út fraachpetearen dy’t foar de foarstelling Alleen in Oorlog holden binne. Op dy wize wol De Lawei ek yn koroanatiid mienskiplik de oarloch betinke en de frijheid fiere.

Foto: Jilmer Postma/De Lawei

Teater nei de Dam
Skouboarch De Lawei nimt dit jier wer diel oan it projekt Theater na de Dam. Under lieding fan teatermakker Lisa Groot Haar ferdjipje jongelju út Drachten har yn de skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch. De jonge Drachtsters moetsje elk in âldere Drachtster dy’t de oarloch meimakke hat. Hja prate oer iensumens, ferbûnens en betinken. Ynspirearre troch de moetings hawwe de jonge minsken in ien-op-ienútfiering makke, dy’t se op 3 (try-out), 4, 5, 8 en 9 maaie koroanaferantwurde mei it publyk diele sille, op spesjaal dêrfoar makke bankjes yn ’e bûtenlucht.

Foto: Jilmer Postma/De Lawei

Frijheidssop
Mei de winsk om minsken yn ferbining te bringen, betocht sjef en skriuwster Yvette van Boven spesjaal foar 5 maaie 2021 in Frijheidssop. Mei syn allen wurdt op 5 maaie troch hiel it lân itselde iten en steane de minsken by itselde stil. It Frijheidssop is ûnderdiel fan de foarstelling Alleen in Oorlog en wurdt nei ôfrin fan de foarstelling meijûn. Foar minsken dy’t net nei de foarstelling komme, is it Frijheidssop op 5 maaie tusken 13.00 en 17.00 oere ôf te heljen foar ien euro (foar twa persoanen). Ofhelje en ôfrekkenje (kontant of pin) kin by it ôfhelpunt oan de Reidingwei-side. Om de neitins oan de foarstelling langer duorje te litten, sit by it sop in seleksje fan de teksten út de foarstelling. Dy helpe om te reflektearjen op ús kostbere frijheid dy’t we op 5 maaie fiere.

Foar mear ynformaasje of it bestellen fan kaarten: www.lawei.nl.

Foto: Jilmer Postma/De Lawei

maaie 3, 2021 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.