Bysûndere muzikale moeting yn ‘Nabijheid van verre oorden’

maaie 22, 2021 09:29

In bysûndere muzikale moeting yn it ramt fan NPO Cultuur tusken leden fan it Konsertgebou-orkest en musisy mei woartels yn de Bijlmermeer. Klassike musisy leare te ymprovisearjen en swingen, wylst de musisy út de Bijlmer meigean yn de strakke klassike struktueren fan komponisten út de 18e en 19e iuw.

Joseph Bologne Chevalier de Saint-George (skilderij: Mather Brown/William Ward, boarne: Wikipedia – publyk domein)

It programma Nabijheid van verre oorden is gearstald troch Vincent Henar, bassist fan ûnder mear Fra Fra Sound, en Michael Gieler, altfioelist fan it Konsertgebou-orkest. It resultaat is in trochsneed fan muzyk út alle wrâlddielen. Der is ûnder mear muzyk te hearren fan de Frânske komponist Joseph Bologne Chevalier de Saint-George (1745-1799), de komponist dy’t as bynamme ‘de swarte Mozart’ hat. Yn in besibbe projekt, de podcastrige Gemiste Sterren (ek yn it ramt fan NPO Cultuur), beljochtsje Orville Breeveld en Floris Kortie it libben fan Joseph Bologne Chevalier de Saint-George. Sjoch: www.nporadio4.nl/podcasts/gemiste-sterren. Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 4 maaie lêstlyn.

Utstjoering
Snein 23 maaie 2021 om 20.00 oere yn it NTR Jûnskonsert op NPO Radio 4
Tiisdei 25 maaie 2021 om 20.30 oere op NPO 2 ekstra

Mei it inisjatyf NPO Cultuur biedt de Nederlânske Publike Omrop in alternatyf poadium oan de kultuersektor en artytsen dy’t rekke wurde troch de koroanamaatregels. De NPO hat stjoerders en oare platfoarmen iepensteld foar ekstra kultueroanbod. De programma’s fan NPO Cultuur binne yn ’e earste helte fan 2021 te sjen en te beharkjen fia lineêre telefyzje- en radiostjoerders fan de NPO, mar ek 24 oeren deis fia it foar elkenien beskikbere temakanaal NPO 2 ekstra en fia de platfoarmen NPO Luister en NPO Start.

maaie 22, 2021 09:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Reinier Salverda maaie 24, 20:23

    Les benammen ek de orisjinele roman ‘Joseph, de zwarte Mozart’ ut 2016 fan de Haarlemste skriuwer/ keunstner Jan Jacobs Mulder (1940-2019) – http://www.xanderuitgevers.nl.
    Wat in libben hat dy Joseph han. Dat leaust net! En wat kin dy Jacobs Mulder skriuwe! Krekt like prachtich en revolusjoner as it libben en de musyk fan dy swarte komponist ut de 18de ieu. Dat ferjitst net mear.
    En ek de Dutske oersetting hat al in grut sukses han.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.