Britske ûndersikers leare hûnen om koroana te rûken

maaie 24, 2021 09:26

Foto: pixabay.com

Britske ûndersikers hawwe hûnen leard om te rûken oft ien de koroanasykte ûnder de lea hat. Ut de earste resultaten fan it ûndersyk blike de hûnen yn 88 persint fan de gefallen in posityf persoan te werkennen. Dêrfoaroer is yn fjirtjin persint fan de gefallen sprake fan in falske positive útslach. Dan tinke de hûnen dat ien de koroanagoarre hat, wylst dat net sa is.

De hûnen binne traind mei sokken, mûlekapkes en t-shirts dy’t minsken mei de koroanagoarre droegen. Hoe’t de effektiviteit fan it ynsetten fan hûnen yn ’e praktyk útfalt, moat noch fierder ûndersocht wurde. Neffens de ûndersikers kinne de hûnen bygelyks op fleanfjilden ynset wurde. Twa hûnen kinne yn in healoere tiid 300 passazjiers kontrolearje. As in hûn ien derút hellet, soe dyjinge dêrnei in pcr-test ûndergean moatte, ynstee fan dat eltse passazjier fan tefoaren test wurde moat.

maaie 24, 2021 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.