Bretonske learmetoade ferbean: skoallen folslein fan ’t sintrum

maaie 21, 2021 20:06
Diwan
It Bretonsk is in Keltyske taal, nau besibbe oan it Welsk, Iersk en Skotsk Gaelic.

It Bretonske parlemintslid Paul Molac rôp it op Twitter út: “Unbegryplik!” Hy kin der mei de holle net by dat de heechste Frânske rjochter in al tsientallen jierren goed funskjonearjende manier om Bretonsk oan bern te learen ferbean hat. Skoallen en taalorganisaasjes yn Bretagne uterje harren ûnbegryp ek.

It is yn in protte meartalige regio’s gebrûklik dat de swakste taal yn it ûnderwiis as fiertaal foar in part fan de fakken of sels foar alle fakken brûkt wurdt. Underdompeling wurdt dat neamd. De bern leare de taal troch dy yn de praktyk te brûken, wylst se de mearderheidstaal bûten skoallen oefenje. Dat wurket úteinlik foar in goede twatalige ûntwikkeling better as oare metoaden.

Dochs hawwe de Frânske rjochters dat ûnderdompelingsûnderwiis freed ferbean. Dat makket it dreech foar de likernôch fyftich skoallen fan ‘e koepel Diwan, dy’t allegear it Bretonsk as fiertaal brûke. Mear as fjouwertûzen learlingen folgje har lessen op sa’n skoalle.

De rjochters diene de útspraak nei oanlieding fan in wetsfoarstel fan Paul Molac om de posysje fan minderheidstalen te ferbetterjen. Diel dêrfan wie dat elke gemeente yn meartalige gebieten yn Frankryk âlden de kar jaan moast tusken ûnderwiis Frânsktalich ûnderwiis en ûnderdompelingsûnderwiis yn de regionale taal. Neffens de rjochters is ûnderdompelingsûnderwiis lykwols yn striid mei kêst 2 fan ‘e Frânske grûnwet, dat seit: “De taal fan de republyk is it Frânsk”.

Mei deselde argumintaasje ferbeane de rjochters it útfieren fan it wetsfoarstel ek omdat Molac deryn regelje woe dat sprekkers fan minderheidstalen harren namme skriuwe meie neffens de staveringsregels fan dy taal. It giet benammen om it brûken fan de tilde: it tekentsje ˜ boppe letters.

It Frânske parlemint wie wol foarstanner fan de plannen fan Molac en hat it wetsfoarstel yn april oannommen.

De Diwan-skoallen binne bot skrokken fan de útspraak dat wat hja dogge ûngrûnwetlik is. Dat jildt ek foar skoallen yn oare regio’s fan Frankryk mei in eigen taal, lykas it Baskelân. Molac hat ûndertusken in oprop dien om de grûnwet te feroarjen, sadat syn wet dochs útfierd wurde kin.

maaie 21, 2021 20:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.