Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 50

maaie 1, 2021 07:00

Goed klimaat foar Boargerberied?

It is noch hieltyd spannend watfoar in kabinet oft de ôfrûne ferkiezingen ús opleverje sille. Hoe sil it klimaatbelied bygelyks út de striid komme? Dêr is noch min wat fan te sizzen. As we in kabinet ‘oer rjochts’ krije mei JA21 deryn, dan wurdt it in lestige saak, want dy partij wol neat fan klimaatproblemen witte. D66 hat klimaatoanpak krekt as ien fan de grutte spearpunten op ’e aginda. Wy moatte it ôfwachtsje dus!

Ut enkêten blykt hieltyd wer dat aardich wat mear as 70% fan de Nederlânske befolking foar it oanpakken fan fossile brânstoffen is. Genôch draachflak soe men sizze. En in grutte kâns op lilke ynwenners yn de kommende jierren.

Leare fan Frankryk
Yn Frankryk die presidint Macron wat opmerkliks om de boargers mear yn it klimaatbelied te beheljen. Under druk fan de ‘giele klimaatheskes’ besleat er om in boargerberied op te setten.
Hûndertfyftich samar lotte boargers waard frege om it regear sosjaal rjochtfeardige oanbefellingen te dwaan foar it yn 2030 mei 40 persint ferleegjen fan de útstjit fan broeikasgassen.

Earst binne troch in kompjûter op goed gelok 255.000 telefoannûmers generearre. Dy minsken is allegearre frege oft se, yn prinsipe, oan in boargertop oer it klimaat meidwaan woene. Ut de groep fan de minsken dy’t ‘ja’ seine, is dêrnei in represintative ôfspegeling fan it Frânske folk selektearre: 49% fan de dielnimmers wie man, 51% wie frou; 62% kaam út de stêd, 15% út lytse gemeenten; in fjirdepart hie gjin diploma of allinne in skoalle foar fuortset ûnderwiis ôfmakke, in fiifde hie in universitêr diploma, ensafuorthinne.

De boargers kamen yn totaal mei 149 foarstellen op ’e proppen, lykas in ferleging fan de btw op treinkaartsjes, in ferbod op reklame foar fossile brânstoffen en in stop op de bou of útwreiding fan lofthavens.

Fan idee nei wet
Fan de 149 foarstellen stjoerde Macron 145 troch nei óf de ministearjes (om daliks útfierd te wurden) óf it parlemint (om yn wetjouwing opnommen te wurden). Macron ferklearre: ‘Dit boargerberied is gjin bedriging foar de parlemintêre demokrasy, mar komplemintearret en ferriket dy.’

Yn ûnderskate Nederlânske politike partijprograms is it hâlden fan in boargerberied opnommen. Yn Fryslân wurdt ek hieltyd faker praat oer it ynstellen fan in lokaal boargerberied oer klimaat en oare problemen dy’t mei kûgelsfeart op ús ôf lykje te kommen.

Hâld it net yn beried…, doch it gewoan!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
maaie 1, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.