Boekewikegeskink ek wer yn it Frysk

maaie 29, 2021 21:51

Boarne: CPNB

Hjoed is de om de koroana útstelde boekewike begûn. Lang om let binne no it Boekewike-essay fan Roxane van Iperen en it Boekewikegeskink fan Hanna Bervoets te besetten. En der is, lykas de lêste jierren wenst, wer in Fryske edysje fan it Boekewikegeskink, diskear oerset troch Baukje Zijlstra. Dat is bûten Fryslân ek te krijen: freegje dernei!

It essay, De genocidefax, giet oer de Rwandese genoside: it yn 1994 útmoardzjen fan grutte kloften Tûtsi’s troch Hûtû’s. Dat wie net allinnich mar in saak fan beide stammen, sa ferdútst Van Iperen, want de oarsaak lei mei yn it foarlûken fan de Tûtsi’s troch de Belgyske kolonisatoaren. Nei de ûnôfhinklikens bewurkmastere dat in orgy fan geweld troch de frustraasje fan de skoudere Hûtû’s. Ut it Westen kaam der gjin help, de Feriene Naasjes bekroaden harren allinnich om de blanken dy’t derby yn ’e knipe kamen. Van Iperen hâldt út dat de measte minsken by misstannen in oare kant út sjogge. En dat it dan net tafalt om sels wat oars te dwaan.

It geskink hjit Wat wij zagen. Dêroer: Wannear’t Kayleigh yn de finansjele problemen rekket, sollisitearret se nei in baan as ‘kontint moderator’ foar in online platfoarm dêr’t se de namme net fan neame mei. Har taak: beoardielje watfoar oanstjitjaande filmkes, foto’s en tirades ferwidere wurde moatte. It wurk is swier. Kayleigh en har kollega’s sjogge ôfgryslike dingen foarbykommen, en de rjochtlinen fan it platfoarm binne faak amper nei te kommen. Dochs fielt Kayleigh har op har plak, want binnen it moderatoareteam fynt se bruorskip. En as Kayleigh fereale rekket op har kollega Sigrid laket de takomst harren ta. Of liket dat mar sa? ‘Wat wy seagen’ is in ferhaal oer wa’t of wat ús wrâldbyld bepaalt. (Boarne: Afûk).

It boekewike-essay kostet € 3,75. It boekwikegeskink is te krijen by oankeap fan fyftjin euro oan boeken. Salang as der foarrie is, likegoed noch yn juny.

maaie 29, 2021 21:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.