Boek fol oarlochsoantinkens skonken oan it Frysk Fersetsmuseum

maaie 1, 2021 09:00

Ofrûne wike ûntfong it Frysk Fersetsmuseum it bysûndere boek Noorderbreedte viert de vrijheid. It boek, makke troch de Fryske soarchgroep Noorderbreedte, stean 44 portretten fan bewenners sintraal. Bewenners diele ek har dierberste oantinkens oan de befrijing 76 jier lyn. Moaie oantinkens, mar ek hertferskuorjende mominten, dy’t djippe spoaren yn har libben neilitten ha. De opbringst fan it boek giet nei it Frysk Fersetsmuseum, dat as doel hat om dit soarte fan oarlochsferhalen net ferlern gean te litten.

Noorderbreedte-bestjoerder Martin Kirchner oerlanget it boek oan direkteur Kris Callens fan it Frysk Fersetsmuseum (foto: Menno de Boer)

Dierbere oantinkens op papier
By de bewenners fan soarchynstelling Noorderbreedte komme op Befrijingsdei alle jierren in protte oantinkens oan de oarloch en de befrijing boppe. Fotograaf Menno de Boer gie de ôfrûne twa jier op ’en paad om bewenners en harren dierbere foarwerpen te fotografearjen. Soarchmeiwurkers leine – út en troch mei bern en bernsbern – de meast bysûndere ferhalen op papier fêst. It resultaat is in oangripend boek, dêr’t ferhalen en foto’s inoar yn ôfwikselje.

Frysk Fersetsmuseum
It Frysk Fersetsmuseum fertelt ferhalen dy’t reitsje, konfrontearje en oan it tinken sette. Yn it museum ûnderfynt de besiker hoe’t de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân belibbe waard en wurdt. Foar it museum binne ferhalen lykas optekene yn Noorderbreedte viert de vrijheid dan ek fan ûnskatbere wearde. Ien fan de doelen fan it museum is om oarlochsoantinkens te dokumintearjen en te fertellen oan alle generaasjes. It Frysk Fersetsmuseum is tankber dat de opbringst fan it boek nei it museum giet. De opbringsten sille ynset wurde om edukaasjeprogramma’s te ûntwikkeljen, om ferhalen as dizze te fertellen en troch te jaan.

Bysûnder boek
Fan woansdei 5 maaie 2021 ôf is it boek Noorderbreedte viert de vrijheid te keap op alle lokaasjes fan Noorderbreedte, fia de webside fan Noorderbreedte en yn de webwinkel fan it Frysk Museum. By de publikaasje wurdt ek in foto-ekposysje organisearre. Dy wurdt oansteande tiisdei iepene yn de Meckama State yn Kollum en reizget dêrnei in jier lang by Noorderbreedte-lokaasjes yn Fryslân lâns.

maaie 1, 2021 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.