Bistewolwêzensorganisaasje wol ferkeap acht dolfinen oan Sina tsjinhâlde

maaie 7, 2021 08:38 Fernijd

Bistewolwêzensorganisaasje World Animal Protection wol foarkomme dat acht dolfinen fan it Dolfinarium Hurderwyk nei Sina ferhúzje. De organisaasje ropt it regear op om gjin fergunning foar de eksport ôf te jaan.

Foto: morguefile.com

It park wol de bisten oan in Sineesk attraksjepark ferkeapje, sadat der mear romte frijkomt foar de seesûchbisten dy’t bliuwe. World Animal Protection is bang dat de tûmelders yn Sina ynset wurde foar ferdivedaasje en by fokprogramma’s.

It Dolfinarium sit yn finansjeel swier waar troch de koroanamaatregels en seit út need de acht dolfinen ferkeapje te moatten. It Dolfinarium hat it jild nedich om te ferbouwen en de romte dy’t frijkomt is nedich foar de seesûchbisten dy’t bliuwe. Yn 2029 set de ferbouwing fan de bassins útein.

It seesûchbistepark makke heal april bekend dat it in nije wei ynslaan wol. Yn de nije koers is neffens it park mear each foar edukaasje en bistewolwêzen. De sjo’s ferdwine net hielendal, mar wurde wol oanpast. Dêrneist besleat de bistetún ôfskie te nimmen fan twa walrussen, acht tûmelders en twa Kalifornyske seeliuwen. Dy ferhúzje allegear nei Hainan Ocean Paradise, in nij attraksjepark yn it suden fan Sina.

Word Animal Protection neamt it plan om de bisten nei Sina te ferhúzjen bizar. Yn Nederlân is krekt besletten dat de dolfinen net troch hoepels springe meie, mar neffens de organisaasje binne dêr yn Sina gjin regels foar en is de kâns grut dat de dolfinen dêr dochs foar sirkusbisten spylje moatte. It attraksjepark yn Sina seit de Europeeske regeljouwing op it mêd fan seesûchbisten te folgjen, mar neffens de bistewolwêzensorganisaasje is dat ûnmooglik te kontrolearjen. As alternatyf wol World Animal Protection dat de acht tûmelders yn in ôfset stik see frijlitten wurde.

maaie 7, 2021 08:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.