Bern krije tips om sels aktearjen te learen

maaie 3, 2021 08:41

Yn de nije online searje Fake it till you make it fan Het Klokhuis krije bern fantasijfolle tips en foarbylden om sels aktearjen te learen, foar yn it teater of it echte libben.

Foto: ©NTR

Hoe spilet men in spektakulêr gefjocht, in yntime tút of in dramatyske sêne? Presintatrise Sosha Duysker kriget les mei de juste tips om drama te meitsjen yn in eigen fideo, grap, op it toaniel of yn it echte libben. Want ek yn it echt komt it soms goed fan pas om hiel ferrast te reagearjen of selsfersekere oer te kommen. Utlein wurdt hoe’t it wurket en profesjonals jouwe tips om de stjerren fan ’e himel te aktearjen.

Yn tolve ôfleveringen kriget Sosha dramales en tips fan Klokhuis-akteurs lykas cowboy Maarten Heijmans en flochfamke Sarah Jennah. Se kriget ek schminktips: hoe makket men spui, triennen en in libbensechte wûne?

Besjoch de earste ôflevering ‘gûle’ online.

Foto: ©NTR

maaie 3, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.