Beklimmers 7: ‘The wisdom of the crowd’

maaie 18, 2021 09:30

Is Fryslân de ideale proeftún om te eksperimintearjen mei demokratyske fernijing? Dy fraach besiket FryslânDOK te beäntwurdzjen yn diel 7 fan Beklimmers fan it flakke lân, te sjen op 22 maaie by NPO2 en op 23 maaie by Omrop Fryslân.

Boargerinisjatyf (foto: Omrop Fryslân)

Friezen hawwe in lange histoarje mei demokrasy. Yn de midsiuwen wienen de Fryske lannen de iennichste regio yn West-Europa dy’t net ûnder in sintraal feodaal gesach lei. Sterker, de Friezen hienen net iens in eigen sterk sintraal bestjoer. Mei lokaal oerlis en útwikseling fan ideeën kamen de ynwenners ta harren besluten. No’t de lanlike polityk yn in fertrouwenskrisis sit en omdat de ûnfrede op it plattelân oer De Haach tanimt, soe Fryslân wolris in ideaal plak wêze kinne om te eksperimintearjen mei nije foarmen fan demokrasy.

Caspar van den Berg (foto: Omrop Fryslân)

Boargers dy’t meiprate
Heechlearaar ‘Global & local governance’ Caspar van den Berg wol Fryslân en Seelân oanwize as laboratoaria foar in demokratysk eksperimint. Van den Berg fynt dat de tanimmende macht fan ‘tuskenlagen’ lykas de Veiligheidsregio in bedriging foarmje foar de demokrasy.

Riejanne Bouma fan Warns wol in stap fierder. Sy tinkt dat boargers direkt meiprate moatte oer grutte maatskiplike besluten. Bouma wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de Friese Burgertop yn 2020.

Johannes Lankester fan Loaiïngea helpt inisjatyfnimmers mei nije ideeën om harren paad te finen yn it labyrint fan regels en wetten dy’t oerheden klearlizzen ha om de fernijers te ûntmoedigjen.

Riejanne Bouma (foto: Omrop Fryslân)

Beklimmers fan it flakke lân
‘The wisdom of the crowd’ is diel 7 fan Beklimmers fan it Flakke Lân, in searje FryslânDOKs oer fernijende ideeën foar it plattelân.

FryslânDOK: Beklimmers fan it flakke lân 7
Sneon 22 maaie, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 23 maaie 13.10 oere)
Snein 23 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

maaie 18, 2021 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.