Bargen kinne mei de poepert sykhelje, minsken mooglik ek

maaie 16, 2021 19:50

Yn needsituaasjes kinne beskate sûchdieren ynstee fan mei de longen ek mei de terms sykhelje. Se kinne dan fia de ears soerstof krije om yn libben te bliuwen. Dat hawwe Japanske wittenskippers ûntdutsen.

Ut proeven hat bliken dien dat mûzen, rotten en bargen fia poepertbeäzeming soerstof opnimme kinne. Earder ûndersyk hie al sjen litten dat net-wringedieren lykas spinnen dy feardichheid ek hawwe. De soerstof waard by de bisten fia soerstofrike klisma’s tatsjinne.

As minsken deselde mooglikheid hawwe, soene pasjinten mei longproblemen tydlik oan ‘e anale beäzeming lein wurde kinne. De ûndersikers wolle ynkoarten mei proeven op minsken begjinne.

maaie 16, 2021 19:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.