Assen earet bluesleginde Harry Muskee mei teaterfoarstelling

maaie 10, 2021 08:53

Harry Muskee yn 2009 (foto: Wikipedia/Mathonius – CC BY-SA 3.0 nl)

Der komt in teaterfoarstelling oer it libben fan Harry Muskee, de sjonger en frontman fan Cuby en the Blizzards. De iepenloftfoarstelling Muskee – So Many Roads wurdt yn septimber sa’n fyftjin kear opfierd yn Assen, it berteplak fan Muskee.

Erwin Nyhoff spilet de rol fan Harry Muskee. Nyhoff is by it grutte publyk foaral bekend trochdat er meidie oan The Voice of Holland. Aktearûnderfining hat Nyhoff net. Hy hat oant no ta allinnich yn in fideoklip spile.

Harry Muskee waard yn 1941 berne yn Assen en sette him mids sechtiger jierren yn Grolloo nei wenjen. De wrâldferneamde elpees Desolation en Groeten uit Grolloo ûntstiene dêr yn Harry’s pleats. Muskee ferstoar op 26 septimber 2011 yn Rolde yn ’e âldens fan santich jier oan de gefolgen fan kanker.

De foarstelling Muskee – So Many Roads is skreaun en wurdt regissearre troch Dick van den Heuvel, dy’t ek biografyske teaterstikken oer Ramses Shaffy, Annie M.G. Schmidt en Robert Long regissearre.

maaie 10, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.