As wy it dreech ha, moatte wy Psalm 139 lêze

maaie 30, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

In rabby lei op stjerren. Syn iennige soan wie op in fiere reis. Buorlju fregen him oft er noch in boadskip hie foar syn jonge. Doe sei er: “Sis tsjin him dat er yn drege tiden Psalm 139 lêze moat.”

Yn ’e tachtiger jierren die ik alle jierren in wike bibliodrama. Dan spilen wy parten út ’e Bibel, sa dat de aktualiteit en ús eigen libben dêryn ferweve waarden. Sa ha wy op in kear Psalm 139:5 spile: “Achter my binne Jo en foar my, rûnom…”
Ik siet yn ’e seal op in stoel. De begelieder sei: “God is achter dy. Hoe fier is dat?” Ik sei: “Sa’n trije meter.” In kollega gie op dat plak stean. De begelieder frege: “Wat stelst dy foar by in God achter dy?” Der skeat my troch de holle hoe’t earst ús mem en letter myn frou ‘achter’ my stiene. En hoe’t de tsjerkeried fan Hurdegaryp achter my stie. Ja, sá stiet God achter my! Hy stipet, Hy lústeret my yn ’t ear: “Toe mar, do kinst it wol.” En ek wol: “Dat soe Ik net dwaan.” Ik kin op Him weromfalle.
De begelieder frege: “Hoefier wolst dat God no achter dy stiet?” Ik sei: “Lit Him mar wat tichterby komme.”
De kollega kaam tichterby en lei my doe de hân op ’t skouder. Dat gong my kâld oer de lea; ommers yn itselde fers stiet: “Jo lizze de hân op my.” Dat is: Do bist fan My, do bist in stik ark yn myn hân, net ien sil dy út Myn hân skuorre.

Sa spilen wy ek de God foar ús út: Kristus Jezus, dy’t wy neifolgje. Hy is ús útdaging! En de God om ús hinne is alderearst de Geast fan dy God en dy Jezus. De ynfloed fan God is der, direkt, mar ek yndirekt yn de ‘sfear’ dy’t it kristendom yn ’e mienskip neilitten hat! Ja, as sinneljocht om de blommen!

Dizze snein hjit Trinitatis. Net as Ien, mar as Trije man/frou sterk helpt God ús! Sa boartsjenderwize fiele wy dat oan mei Psalm 139:5.
Lit it foaral boartsjen bliuwe en gjin redenearjen!

Lêze: Psalm 139:5-12

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maaie 30, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.