Amerikaanske romtesonde fan planetoïde op wei gien nei ierde

maaie 12, 2021 08:35

In Amerikaanske romtesonde dy’t materiaal sammele hat fan in planetoïde, is oan de weromreis nei de ierde begûn. De NASA-sonde Osirix-Rex, dy’t yn oktober ferline jier op de planetoïde Bennu lâne, hat neffens rûzing sa’n 200 oant 400 gram grús opsûge en komt, as alles goed giet, yn septimber 2023 op ierde werom.

Bennu (byld: Wikipedia/NASA – publyk domein)

Wittenskippers hoopje mei it sammele grús mear te witten te kommen oer it ûntstean fan it sinnestelsel en dêrmei ek de ierde. It grús kin mooglik mear fertelle oer hoe’t planeten ûntstien binne en wêr’t it libben op ierde wei komt. Bennu is neffens rûzing 490 meter lang en sa’n 4,5 miljard jier âld.

Hoefolle grús krekt opsûge is, wurdt pas nei de lâning op ierde dúdlik. Om de ierde te berikken, sil de sonde twa kear om de sinne fleane en in ôfstân fan 2,3 miljard kilometer ôflizze. De planetoïde is no sa’n 287 kilometer fan de ierde ôf.

De missy, dy’t mear as 800 miljoen dollar kostet, is de earste yn in rige fan ferskate NASA-missys nei planetoïden.

Besjoch in filmke fan NASA:

maaie 12, 2021 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.