Alwer in wolf yn Fryslân

maaie 23, 2021 09:07

Skôging

Foto: pixabay.com

Sa gau as der yn Fryslân in wolf sjoen wurdt, komme der in soad emosjonele reaksjes los. As foarstanner fan in te behearskjen populaasje wolven kin ik my de gefoelens fan sawol foar- as tsjinstanners goed yntinke. It tal tsjinstanners is yn de mearderheid, liket my ta.

Op Facebook, dêr`t te lêzen wie dat jagers, hoewol’t it ferbean is, it bist deasjitte wolle, skreau ik in koarte reaksje ûnder it kopke ‘Lit dat bist dochs mei rêst’. Dêr kamen nochal wat reaksjes op. Ien sei, ik kin wol sjen datst gjin boeresoan bist, Jan. In oar sei, gjin wolven talitte, ik wol net graach dat myn hûn deabiten wurdt as ik mei har yn ’e bosk rin.

Foar hobbyboeren is de wolf fansels ek wol in bedriging. Deade skiep betsjut skea foar de boer en is begrutlik foar it skiep. In wrede dea. Dat jildt fansels likegoed foar wylde bisten lykas kninen, hazzen, reekealsjes en oare bisten as se pakt wurde. Soene skieppeboeren dêr ek noed oer hawwe? Boeren wolle ek al gjin reeharten en wylde bargen yn Fryslân tastean. De lânbou-organisaasjes binne der noch hieltyd yn slagge om alle soarten dy’t hjir ferdwûn binne, lykas de hjir neamde soarten, de tagong yn Fryslân te ûntsizzen. In machtige lobby yn de polityk, dêr’t partijen inoar om ekonomyske redenen yn fine.

Dan de foarstanners. Wittenskippers, biologen foarop, wolle de wolf yn ûs lân werom hawwe, om’t er hjir fan oarsprong thúsheart. En it is sa’n moai bist no? De wolf soe neffens harren net gefaarlik foar de minsken wêze. Dat falt noch te besjen, liket my. Kom net tusken in wolvin en har jongen, dat kin wolris net sa moai ôfrinne. In oanfal om de jongen te beskermjen is net útsletten. Skriuwer hat dat sels al ris ûnderfûn mei in wylde baarch en har jongen. Dan wolle jo wier wol fansiden gean. Dochs hear ik noch neat oer agressive wolven, ek net út Dútslân, dêr’t dy al folle langer tahâlde.

Foto © J.W. Zwart

Foar natuerleafhawwers as dizze skriuwer is bioferskaat, benammen de fauna, in kroan op de natuer. Is it net slim genôch dat it yn de Fryske greiden stil wurden is? Dat wy de lûden fan skries en ljip hast net mear hearre? By in hiel protte minsken docht dat echt bot sear… Wolle jo te fytsen yn de provinsje, sykje dan mar de lêste peareltsjes mei krûderike greide op, oars sjogge jo oars net as griene flakten sûnder blommen en fûgels. Lokkigernôch komt der in bytsje feroaring, al is it faak noch by de wat lytsere boeren en by boeren dy’t biologysk buorkje. By de grutte bedriuwen is der mar ien stribjen en dat is hieltyd mear molke om’t de bedriuwsfiering dat no ienris nedich makket. Gjin tiid mear foar natuerwearden.

Is der yn ús lân dan gjin romte foar mear bioferskaat? It is mar, liket my, wat jo derfoar oerhawwe. As foarbyld sjoch ik Kanada. Ja, in ûnbidich grut lân, mar wol mei each foar natuer. Bygelyks yn British Columbia binne der in soad mienskippen dêr’t bisten as bear en poema yn de doarpen en lytsere stedsjes sjoen wurde, oan de eftertún fan bewenners ta. Rangers ferdôvje yn sa’n gefal it bist en bringe it nei de bush werom. Echt agressieve bisten wurde deasketten. Myn sweager sjit, foar’t er de mais fan it lân hellet, knalpatroanen boppe it fjild ôf, sadat bearen dy’t geregeld oanwêzich binne, ferdwine. Sa kin it ek, as oerheid en polityk de natuer wichtich fine.

Wat wy nedich hawwe is in diskusje wêryn’t it ferstân foar de emoasje giet. Boeren moatte oan in soad regels foldwaan, wat in swiere belêsting is, mar se krije ek kompensaasje foar skea oan bisten en gewaaks, as it nedich is. Ik tink dat boeren en natuerleafhawwers mear witte moatte oer inoars libben en fan de gefoelens dy’t dat meibringt. Dat is slagge by de neisoarch foar greidefûgels en dat moat ek op in oar mêd ta stân komme kinne.

Jan Luimstra, Skearnegoutum

De redaksje sjocht graach ferstannige reaksjes yn ’e mjitte.
maaie 23, 2021 09:07
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Th. Dykstra maaie 26, 19:46

    Bioferskaat is goed, mar de wolf yntrodusearje is no net daliks dêr’t wy nei útsjogge. Dat it bist hjir eartiids wie is gjin argumint mei no mei hiele oare problemen fan befolkingstichtens. Earst mar ris besykje om de greidefûgels te rêden.

  2. Albert van der Ploeg maaie 27, 06:46

    Wy ha hjir yn Fryslân it fee in soad bûtendoar te rinnen en de mienskip wol dat eins noch folle mear.
    Myn broer buorket yn Kanada en dêr sjochst gjin fee bûtendoar. Hat te meitsjen mei it klimaat, mar ek mei de grutte predatoren.
    As de wolf yn Nederlân har/him fierder útwreidet, sil it hjir ek sa wurde as yn Kanada. It fee bliuwt op stâl en yn de skuorren.
    Ek foar de greidefûgels is dat net goed, want dy ha baat by fariaasje yn weidzjen en meanen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.