Aant Mulder: Ynsette op it eigen gea

maaie 11, 2021 07:00

Kollum

Ik fyn it wol moai dat we net folle oars kinne as ynsette op it eigen gea. Dat we net oars kinne, hat fansels alles te krijen mei koroana. Der wurdt likefolle as oars en faaks noch wol mear praat oer fakânsjes. De ynhâld fan de petearen is diskear oars en dat wie ferline jier eins ek al sa. It giet der no oer oft men wol in reis boeke kin. Oft men wol reizen nei fiere lannen meitsje kin, nei lannen oan de Middellânske See of by need nei lannen oare kant de grins. Guon beslute daliks en gean mar net. Oaren dogge foarriedige boekingen en annulearje earder of letter wer as reizgjen lestiger wurdt of om’t beheiningen dochs oanhâlde. Wer oaren sitte te rekkenjen dat as sa’n fakânsje al trochgean kinne soe, wat dan de ekstra kosten en de ekstra risiko’s binne. Tocht wurdt dan oan koroanatesten en karantêne.

Hawar de groep dy’t beslút om mar gjin fiere reizen te meitsjen wurdt hieltyd grutter. Dat betsjut dat fakânsje yn eigen lân of sels yn de eigen provinsje hieltyd faker in reële opsje wurdt. Dat is te merkbiten. Op ’e telefyzje en yn ’e krante sjoch en lês ik hieltyd faker dat húskes op bungalowparken bytsje by bytsje djoerder wurde. Bytsje by bytsje, want it moat ek wer net te folle opfalle. Datselde jildt foar de caravans en de kampers. De eigen bern betochten dat it tiid waard en ruilje de âlde caravan yn foar in nijere en lúksere. Se wiene fernuvere oer de priis dy’t se foar de eigen caravan barre koene. Dat de nije oankeap ek krekt wat djoerder wie, ha se har net iens botte drok oer makke.

Súd-Europa, Bougainville. Foto © Aant Mulder

De tanimmende belangstelling foar campings en bungalowparken, foar boatsjes en hotels yn de eigen omkriten hearre dus by dizze tiid. As ik nei ússels sjoch, betink ik, dat we de lêste jierren graach nei lannen oan de Middellânske See giene. Dêr genieten we fan de prachtige lânskippen, it sinneskynwaar en benammen yn foar­‑ en neiseizoen fan de prachtige kleuren yn de natuer lykas dy fan de blommen fan de bougainville, de oleander en oars wol fan de lavindelfjilden. Wy tinke mei nocht en wille werom oan de ûneinige pearske fjilden yn it suden fan Frankryk en oan de blommeriviera yn it noarden fan Italië. Yn dy súdlike lannen, mar mear noch yn de Alpenlannen, tilt it ek op fan plantebakken mei geraniums en petunia’s, plantebakken om terrassen hinne en hingjend oan kezinen, balustraden en ôffredingen.

Ik ha it oer fakânsje thús. Dat betsjut fakânsje yn ’e eftertún en eins is hiele Fryslân ús eftertún.

Wy ha besletten om fan ’t jier mar gewoan thús te bliuwen of oars in lang wykein of in midwike yn eigen kriten op fakânsje te gean. Fierder fuort is in hiel gedoch. Dat is wol dúdlik. En och, te uzes skynt de sinne ek. Hoewol, yn de aprilmoanne hold it allegearre net oer. De sinne skynde te min en it wie te kâld. En dat wylst de iishilligen noch komme moatte. Dy dagen falle yn de perioade fan 10 oant en mei 15 maaie. It betsjut dat we wolris te betiid wêze kinne mei it ynrjochtsjen fan de tún nei hieltyd súdliker noarmen. Dat dogge we fansels om dat súdlike fakânsjegefoel op te roppen. De kâns is dus grut dat we wat te hastich en te entûsjast west ha. Hawar, wy moatte it bêste der mar fan hoopje.

De eigen eftertún. Foto © Aant Mulder

Ik ha it oer fakânsje thús. Dat betsjut fakânsje yn ’e eftertún en eins is hiele Fryslân ús eftertún. Dy eftertún moatte we benammen no’t we mear thús binne mei-inoar moai hâlde wolle of, noch better, moaier meitsje wolle, foar ússels en foar de minsken dy’t hjir komme. De iepen romte moat iepen bliuwe. Der moat kompakt boud wurde en wat boud wurdt, moat oan arsjitektoanyske easken foldwaan. Dat iepen lânskip, dêr moat de kleur en fleur wer yn weromkomme troch omtinken te hawwe foar greidblommen- en fûgels. Dat moat dus oars en better. Wy kinne it net goedfine dat we oer in pear jier gjin skries mear sjogge. Dat lies ik okkerdeis yn ’e krante. Wat foar skriezen jildt, jildt likegoed foar ynsekten, fisken, bisten en fûgels en foar planten, blommen, beamkeguod en beammen. Ornaris kenne we dy wrâld en yn alle gefallen dy Fryske wrâld noch it bêste fan de nammen yn boekjes. Wat soe it moai wêze om faker de kikkerts te hearren, de ljippen en skriezen, de tsjirken en waarlamkes. of oars wol om jin hinne de pinksterblommen, de koekútsblommen, de djerreblommen of de barchjeblommen te sjen.

Fryslân as eigen eftertún. Foto © Aant Mulder

Wa’t goed siket, fynt dy nammen yn Fryske listen, efteryn boekjes, faak as oersetting en fan en ta mei plaatsjes derby. Dy plaatsjes moatte op folle mear plakken wer werklikheid wurde. Wa’t de natuer yngiet, soe sjen kinne moatte wat we ha en dêrtroch daliks ek witte moatte wat we al kwytrekke binne. Dêr soe wat oan dien wurde moatte, folle mar as no. Wat soe it moai wêze as alles wat groeit en bloeit tanimt en dat we dêr gewoan yn it Frysk mei-inoar oer prate en fan genietsje kinne. Aldergelokst binne der hieltyd wer inisjativen om dat op te rêden. Dy moatte we stypje, folle mear noch as no. No’t de kâns grut is dat we faker thús binne, moatte we genietsje kinne fan de eigen omkriten en dy mei nocht en wille sjen litte oan frjemden.

Dêr moatte we mei-inoar op ynsette. Stypje de natuerbeskermingsorganisaasjes lykas It Fryske Gea, de Waadferiening, Steatsboskbehear, de sân kollektiven foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear, de biologyske boeren en al dy oaren dy’t it goed foarha mei ús lânskip. Ik winskje jmme foar fan ’t simmer in moaie fakânsje ta yn it eigen gea.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 8 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maaie 11, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.