Aant Mulder: Skûlnammen

maaie 25, 2021 07:00

Kollum

Skûlnammen ha ’k altyd wol aardichheid oan. Ik tink oan skûlnammen dêr’t daliks wol dúdlik fan is dat se by in beskaat persoan hearre, om’t se dêr gewoan nei ferwize. It oare uterste binne skûlnammen dêr’t net ien fan betinke kin dat it skûlnammen binne. Dêr tuskenyn ha we te krijen mei in wrâld oan skûlnammen. De fraach wêrom’t minsken soks dogge, hat my eins altyd wol yn de besnijing hân. Likegoed ha ik dêr nea wurk fan makke. It wurdt tiid om dat no ris te dwaan.

Ik ha ek in direkte oanlieding. Myn eigen kollumeftige artikels ferskine alle wiken op It Nijs, de Fryske ynternetkrante. Dat betsjut tagelyk dat ik gauris op dy side omsneup en guon artikels lês, benammen de artikels fan de oare kollumnisten. Sa lês ik de kollums fan Feie Fonyk. Der hat in tiid west dat ik net wist wa’t dat wie. Ik tocht fansels daliks dat Fonyk nei de taal (fonetyk) ferwiisde en dat Feie Fonyk tagelyk in moai begjinrym opsmiet. As sokke kollums op in Fryske ynternetside steane, moat it hast wol om de Fryske taal gean. Foar in part is dat yn dy kollums sa, mar lang net altyd. Fonyk hat ornaris krityk op in grut ferskaat oan dingen en is neat net mijen wat dat oanbelanget. Dy skûlnamme sil dus grif ek bedoeld wêze om net algeduerigen oansprutsen te wurden op dy kollums.

Sûnt foarich wykein komme we noch sa’n kollumnist tsjin. Dy docht ûnder de namme Sikke Neurich syn of har dingen. Dy namme docht tinken oan in sikkeneurich persoan, immen dy’t wat te seuren hat, segrinich is of faaks wol lêbich neamd wurde moat. Ik bin benijd oft dat ek sa is. It kin fansels lykas by Feie Fonyk ek samar oars útpakke. Sa’t Feie Fonyk net allinne oer taal skriuwt, sa soe Sikke Neurich samar fleuriger ynfalshoeken foar kar ninme kinne. Dat moatte we mar ôfwachtsje. Ik fyn in skûlnamme dus in hiele aardichheid, mar ik sis de dingen ornaris mar gewoan ûnder eigen namme. Ik doar no wol te sizzen dat dat wol foldocht. No’t ik it dochs oer skûlnammen ha, wurdt it tiid en besykje der wat oer te sizzen dat hout snijt.

De nammen dy’t brûkt wurde binne nijsgjirrich. Wy ha it oer pseudonimen, skûlnammen, nom de plumes, skriuwersnammen. Op ynternet binne hiele rigen fan dat soarte fan nammen te finen. It giet ornaris om keunstners, skriuwers en dichters. Guon ha sels mear as ien skûlnamme. Men freget jin ôf wêrom’t sokke nammen keazen wurde. Soe it wêze om de famylje út de wyn te hâlden of om de eigen baan net oan dy kreative uteringen te keppeljen. Dat kin, mar der binne mear mooglikheden. Tink oan de betizing mei oare nammen en om dy foar te kommen. Guon fine de eigen namme net moai en in skûlnamme krekt wol. Oaren kinne net wis wêze fan de eigen prestaasjes of wolle har om politike redenen beskûl hâlde. Guon kinne beskate mieningen ha dêr’t se net daliks op oansprutsen wurde wolle. Mei de namme kin ek ferwiisd wurde nei de ynhâld fan it wurk. Dat lêste soe dus foar Feie Fonyk en Sikke Neurich jilde kinne.

It liket prachtich, mar de kâns is grut
dat yn de kommende tiid skûlnammen dochs wer needsaken wurde

Skûlnammen wurde faker brûkt as we tinke. De Fryske literatuer hat prachtige foarbylden. Wy ha allegearre wol heard fan Nynke fan Hichtum. Dy hjitte gewoan Sjoukje Maria Diderika Troelstra-Bokma de Boer. In oar foarbyld is de dichteresse Rixt. Dy skûlnamme fan Hendrika Akke van Dorssen wurdt no troch in folslein dichterskollektyf brûkt. Yn dyselde snuorje ha we Meint Hylkes Bottema, dy’t himsels as skriuwer Marten Baersma neamde. Ik tink ek oan Douwe Hermans Kiestra. Dy neamde him wol Harm Harsta of D. van Wieren. As lêste neam ik ‘In Frysk famke’. Under dy namme skreau Simke Kloosterman doe’t se noch net wis wie fan eigen kinnen. Sa binne der folle mear.

It hat der alles fan dat skûlnammen earder mear brûkt waarden as no. Dat is ek wol logysk, want hjoed-de-dei mei in grut ferskaat oan kontakten op sosjale media en op ynternet soe it neat net tafalle en brûk skûlnammen echt as skûlnammen. Ik tink dat skriuwers en kollumnisten ek hieltyd faker tinke dat it mei de reaksjes wol wat lije kin. Hieltyd faker wurdt de eigen namme brûkt. It liket prachtich, mar de kâns is grut dat yn de kommende tiid skûlnammen dochs wer needsaken wurde. Ik tink bygelyks oan de jonge Amsterdamske skriuwster Lale Gül dy’t mei de dea bedrige waard, om’t se yn har debút gâns krityk hat op de islam. Se sei op te hâlden mei skriuwen. Letter wie se dêre net mear sa dúdlik oer. In skûlnamme soe yn sa’n situaasje goed te begripen wêze. Sa kin men jin ek ôffreegje hoe lang’t sokken as Angela de Jong en Özcan Akyol (Eus), dy’t aardich wat foar de kiezzen krije it noch oandoare om dat allegearre ûnder eigen namme te skriuwen yn in tiid dat ferslachjouwers en fotografen hieltyd faker de namme fan de krante of de omrop ôfplakkke moatte omgedoch foar te kommen.

As dat skûlnammen opsmyt, dan is dat fan in folsleine oare oarder. Dy soene allinne ferlike wurde kinne mei skûlnammen yn en om de Twadde Wrâldoarloch hinne. Feie Fonyk en Sikke Neurich hoege it dêr net om te dwaan. Hoewol? Sy sille yn alle gefallen yn it foarste plak de namme dy’t de rjochting fan harren kollums oanjout boartlik bedoele en dy namme faaks ek brûke om net te folle op te fallen. Guon soene tinke kinne, dêr hast him/har wer.

Ik moat tajaan, om dy lêste reden brûk ik sels ek wolris in skûlnamme. Dêr wol ik it fierder mar net oer ha. Feie Fonyk hat syn paad wol fûn, dat ik winskje Sikke Neurich in moaie en leafst net al te ‘neurige’ takomst ta op It Nijs.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 22 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 25, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.