Aant Mulder: Skriuw ik de ‑d‑ al of net?

maaie 18, 2021 06:54

Kollum

Okkerwyks ha ’k it yn in kollum hân oer wurdsjes mei in ‑d‑ efter de ‑r‑ (raarder) en de fakultative ‑d‑ efter de ‑l‑ (mâler of mâlder) en de ‑n‑ (tinner of tinder). Ik keppele dat ferskynsel doe oan de eigenskipswurden en de trije treppen fan ferliking dy’t dêrby hearre. Tagelyk murk ik op dat de foarkarswurdlist de foarmen sûnder ‑d‑ foar kar nimt, wylst foarmen mei in ‑d‑ no krekt yn de praktyk hieltyd faker brûkt wurde. Ik neamde doe ‑better- en ‑betterder- as in moai foarbyld. Wa’t net mear krekt wit wat ik sein ha, moat dy kollum der noch marris op neilêze (Aant Mulder: It hat wol eigenskip | It Nijs).

Ik fûn it in lestich ûnderwerp en ik wie ek net hielendal wis fan mysels. Dêrom die ik oan ’e ein fan dy kollum in foarsichtige oprop: “Ik kin it fansels hielendal ferkeard ha, mar dan hoopje ik dat wol fan jimme te hearren.” Dy oprop hat fertuten dien, dat die eins daliks bliken. Twa baasmannen as it om taal giet reagearren al rillegau op de bedoelde kollum. Dêr wie ik mei ynnommen en dêr wol ik har tank foar sizze. Doe’t ik de reaksjes lies, waard my dúdlik, dat ik wol gelyk hie mar dat der folle mear oer sein wurde kin.

Ien fan de earste opmerkingen hie net daliks te krijen mei de problematyk fan de ‑d‑, mar wol mei myn opmerking dat ik in ‘folgeling’ bin fan de foarkarswurdlist. Ik wit ek wol dat dy list net ferplichte is, mar ik fyn dat net allinne lesboekskriuwers mar ek oaren safolle mooglik deselde foarmen brûke moatte. Dan witte we mei-inoar in bytsje wêr’t we oan ta binne. Om dy reden doch ik dat dus. Dat doch ik net altyd mei likefolle sin en wille, mar ik wol konsekwint wêze. Ik skriuw dus ‑mâler‑ en ‑tinner‑ en sa fierder. It is net oars.

Nijsgjirrich wie de opmerking dat we by guon eigenskipswurden yn de fergrutsjende trep tinke oan grûnwurden

Nijsgjirrich wie de opmerking dat we by guon eigenskipswurden yn de fergrutsjende trep tinke oan grûnwurden: goed-better-bêst, mar dat datselde wurdsje ‑better‑ ek betsjut dat immen gewoan better (net mear siik) is. Dat kin de betizing wêze, sa’t ien fan de beide mannen skreau. It soe wêze kinne dat ‑better‑ as grûnwurd sjoen wurdt. Oan sa’n grûnwurd soe dan yn de fergrutsjende trep ‑der- keppele wurde kinne moatte. Efter it grûnwurd ‑better- komt dan ‑der‑ te stean en dan wurdt it dus ‑betterder-. Hoewol’t we dan in dûbelde/dûbele fergrutsjende trep ha, liket my dat dochs wol logysk ta. Sokke dûbelde situaasjes ha we neffens de iene taalbaas ek by guon oare wurden. Tink mar oan haadwurden mei in dûbeld meartal lykas: learzen(s), treppen(s), wolken(s).

De oare taalbaas lûkt it ferhaal wat breder. Dat is like nijsgjirrich. It hat net daliks te krijen mei de eigenskipswurden, mar folle mear mei de kombinaasje fan ‑l‑, ‑n‑ en ‑r‑ mei de -d‑. Opnij docht bliken dat de ‑d‑ nei de ‑r‑ logysk is. Wurden as -fierer- en -rarer- bekje net. De man neamt it in fonologyske kwestje. Dat leit oars by de ‑l‑ en ‑n‑. Hy komt mei foarbylden as: allerhanne, makeler, ferrifeler, sliner, dêr’t ek stean kinne moatte soe: alderhande, makelder, ferrifelder en slynder. Dat soe betsjutte dat deselde omstannichheden jilde foar guon haadwurden. Om mei ‑sliner‑ te begjinnen, de foarkarswurdlist jout allinne ‑sliner‑ krekt as ‑griner‑. ‑Ferrifeler‑ en ‑ferrifelder‑ kin ik net fine, mar wol ferrifelerij en net ferrifelderij, wol makeler en net makelder.

De foarkarswurdlist liket aardich konsekwint mei dit probleem om te gean. It wurdsje ‑alderhande‑ dat fan dy twadde taalbaas neamd waard, bedjert lykwol alles. Dat is in nijsgjirrich wurdsje mei in ‑l‑ en in ‑n‑ deryn. Ik bin benijd. Ik sykje op: ‑allerhanne‑. Dat liket my ommers de meast logyske foarm ta. De foarkarswurdlist seit: alderhande, wylst it Frysk Hânwurdboek dêr as farianten alderhanne en allerhanne  by neamt. Allerhande komt net foar. No bin ik wer like fier as yn it begjin. Neffens my hie it allerhanne wêze moatten. De foarkarswurdlist en it wurdboek sizze beide ‑alderhande‑. It is net oars. Myn nijsgjirrigens nei in soarte fan regel mei útsûnderingen nimt ta.

Foto © Aant Mulder

Ien fan de beide mannen ferwiist wat dit probleem oanbelanget ek nei it Súdwesthoeksk. Dat fyn ik fansels nijsgjirrich. Hy skriuwt: “De Súdwesthoekske mulwurdútgong ‑d‑ yn bygelyks ‘sjoend’ en ‘diend’ is der nei alle gedachten ek in foarbyld fan.” Prachtich as Súdwesthoekster soe ik dus de ‑d‑ foar kar nimme moatte! Komme dochs de dialekten wer om ’e hoeke. Wa’t mear wit, nûgje ik graach út om der wat oer te sizzen. Binne der regels en útsûnderingen foar de ‑d‑ nei de ‑l-, ‑n- en ‑r- en hoe ferhâlde streektaken en talen har ta dit ûnderwep? It soe samar in aardich ûnderwerp foar stúdzje wêze kinne.

No’t ik my yn dit ûnderwerp in bytsje ferdjippe ha, komme der hieltyd nije swierrichheden by. Yn in oerlis lies ik: “Meitsje der mar in dûbeldtsjok nûmer fan”. Ik sjit daliks yn ’e stress. Yn de foarkarswurdlist stiet -dûbeld- mei in -d-. Yn it Frysk Hânwurdboek stiet ‑dûbeld‑ ek mei in ‑d‑ en ‑dûbel‑ as fariant. Dat liket wol dúdlik, mar net konsekwint. It Frysk Wurdboek I jout: ‑dûbel(d)‑. Dat yn wurdboeken net altyd deselde dingen skreaun wurde is te begripen, mar dochs wol spitich.

Ik slút ôf mei tank oan de beide baasmannen dy’t ik al efkes neamde: Henk Wolf en Jan Breimer. Tank! De oare kear wol ik besykje om wer in gewoane kollum te skriuwen.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 15 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 18, 2021 06:54
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Henk maaie 18, 16:16

    Moai stik, Aant. En tank foar de nijsgjirrige útwiksel fan ideeën.

    Oer de kwestje ‘dûbel(d)’ haw ik ris in stikje skreaun, dat mooglik dyn fraach foar in part beantwurdet:

    https://www.itnijs.frl/2018/02/dubeldkonsert/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.