Aant Mulder: It hat wol eigenskip

maaie 4, 2021 07:00

Kollum

Sûnt de stavering fan 2015 sit ik tangele mei guon eigenskipswurden. Ik mis foarmen dy’t foarhinne gongber wiene en no net mear yn de foarkarswurdlist neamd wurde. Ik tink oan wurden lykas -tin- en ‑tinner- en it net mear neamde -tinder-. of -mâl-, -mâler- en dus it net mear neamde -mâlder-. Op himsels is dat net slim, mar it falt my op dat dy foarmen yn de praktyk net allinne hieltyd faker, mar ek hieltyd faker ferkeard brûkt wurde. Der binne dus hieltyd mear sprekkers dy’t dy foarmen gewoan fine. It falt my op dat soks net allinne foar it Frysk, mar ek foar it Hollânsk jildt. Alteast ik kom yn de beide talen datselde ferskynsel tsjin. Ik neam it lêste foarbyld dat ik op Facebook tsjinkaam. Sitaat: ‘Hopelijk wordt het nu iets beterder.’

Fier-fierder-(fierderder)- fierst. Foto © Aant Mulder

It wurdt tiid dat ik by it begjin begjin. Ik ha it oer eigenskipswurden. Dat binne wurden dy’t wat oer haadwurden sizze. Foarbylden: reade blommen, moaie ferhalen, drûge riten en sa fierder. Wy binne der allegearre wol mei op ’e hichte en de ien brûkt se mear as de oar. Der ha sels tiden en streamingen west dat eigenskipswurden hast om it oare wurd brûkt waarden. Dat wie de tiid fan it ympresjonisme yn it lêst fan de njoggentjinde, begjin fan de tweintichste iuw, mar dêrnei bleau it likegoed in wichtige streaming yn de literatuer en de skilderkeunst. As we it oer ympresjonisme ha, moat ik altyd tinke oan R.P. Sybesma en syn boekje Boerke Thae en oars wol oan Simke Kloosterman mei De Hoara’s fan Hastings.

Foar wa’t goed sjocht: read-reader-readst. Foto © Aant Mulder

As dat it hiele ferhaal wie, koe ik no wol ophâlde. Neat is minder wier. Eigenskipswurden ha wat we neame graadbûging, bedoeld om it noch dúdliker te sizzen en om noch better ferlykje te kinnen. Wy neame dat de stellende, fergrutsjende en oertreffende trep. Ik kom dan by rychjes wurden lykas: moai-moaier-moaist, lyts-lytser-lytst, read-reader-readst. Dy graadbûging ferrint ornaris moai regelmjittich mei -er en -st as útgongen. Der binne fansels ek ûnregelmjittige foarmen. Tink mar oan: goed-better-bêst, graach-leaver-leafst of in bytsje-minder-minst.

It giet my diskear om eigenskipswurden dy’t einigje op -r- ,-l- en ‑n. De -r- jout gjin swierrichheden. Dat is raar‑raarder en gear-gearder. Dat moat sa, mei in -d-. Dat kin net oars. Dat jildt allinne net foar de – l- en de ‑n-. Dêr mei in -d- brûkt wurde, mar it hoecht net. Tink oan -mâl-, dat sein en skreaun waard as -malêr- en -mâlder-. Oar foarbylden: -stil- mei -stiller- en -stilder-, -tin- mei -tinner- en -tinder- of ‑skjin- mei -skjinner- en -skjinder-. Dy d-foarmen binne by de -l- en de -n- út de foarkarswurdlist ferdwûn. Ik hie no krekt de gewoante en brûk dy foarmen, mar sûnt de foarkarswurdlist doch ik dat net mear.

It is letterder as we tochten. It moat net folle gekkerder wurde.
Dat fyn ik moaierder.

Guon oaren brûke dy foarmen krekt oarsom hieltyd faker. Tink oan it earder neamde: goed-better- bêst. It wurdsje -better- is de fergrutsjende trep, mar hieltyd mear minsken fine -better- in grûnwurd en fine dat der noch wat efter moat en meitsje der dus krekt as yn stilder en tinder -betterder fan-. Doe’t ik dat foar de earste kear hearde tocht ik gewoan dat it in flater wie. Likegoed hearde en lies ik sokke foarmen wol faker: It is letterder as we tochten. It moat net folle gekkerder wurde. Dat fyn ik moaierder.

Ik tocht earst oan in fersin. Doe’t ik datsoarte fan foarmen faker yn deselde rûnten hearde, tocht ik oan famyljetaal. Dat kin net it hiele ferhaal wêze, want ik hearde en seach dy foarmen ek op oare plakken. It soe wolris sa wêze kinne dat yn streektalen de fergrutsjende foarm fan guon wurden hieltyd mear as stellende trep field wurdt en dat freget dan om de ûtgong dy’t by de fergrutsjende trep heart. Dan binne we der: better-betterder.

Obe. Heech-heger-(hegerder)-heechst. Foto © Aant Mulder

It is in nijsgjirrich ûnderwerp, dat aardich fierder giet as ik tocht. It makket dat ik in skoftke op ynternet en yn boeken omsneup om sokke foarmen te finen. Ik kom op: -langerder-, -moaierder- en yn it Hollânsk: -dieperder-. Der sille der grif wol mear wêze. Ik hie ‘beterder’ fansels al op Facebook fûn. Dat stie yn in tekst fan immen dy’t oars aardich Frysk praat. Dy sil yn dat ferhaaltsje grif oan ‑betterder- tocht ha en dêr hat se tagelyk kreas Hollânsk fan meitsje wollen.

Ik hâld it derop dat -beterder- dus in frisisme is en dat bringt my by de eardere makke opmerkingen oer streektalen en dat de skriuwer dus tocht oan ‑betterder-. Hawar, my is -better- moai genôch. Dat hoecht net betterder!

Likegoed hat it wol eigenskip, om by de titel fan dizze kollum werom te kommen, om net begrepen en ûnregelmjittige foarmen begrypliker en regelmjittiger del te setten ek al is dat dan ferkeard. Mei dizze gedachten yn de efterholle fyn ik it eins spitich dat de Fryske Akademy dy -der foarm by guon eigenskipswurden net as foarkar opnommen hat. Wat my oanbelanget hiene: mâlder, tinder en skjinder wol stean bliuwe kinnen.

Ik kin it fansels hielendal ferkeard, ha mar dan hoopje ik dat wol fan jimme te hearren.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 1 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 4, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Henk Wolf maaie 4, 12:02

    Dizze betizing wie ik al wat bang foar.

    Oft jo foarmen lykas ‘tinder’ en ‘mâlder’ brûke, is net in staveringskwestje. ‘Stavering’ is net oars as it omsetten fan in sprutsen foarm nei in skriftlike foarm. Sa binne ‘spoek’ en ‘spûk’ twa staveringen fan itselde wurd, mar ‘spook’ is in oar wurd (of byneed in útspraakfariant).

    Op deselde manier is de kar tusken ‘tinner’ en ‘tinder’ ek gjin staveringskwestje. Dy tusken ‘mâler’ en ‘mâlder’ is dat ek net. Dat fan dy pearen heeltyd mar ien foarm yn de Foarkarswurdlist stiet, hat dan mei stavering ek neat út te stean: as der útspraakfarianten binne (oars sein: twa wurden dy’t itselde betsjutte en opinoar lykje), dan is dêr ien fan útsocht. Almeast is dat de foarm dy’t it measte foarkomt. Dêr kin men krityk op ha, mar dat is no ienris it prinsipe achter dy de Foarkarswurdlist.

    Omdat mear minsken ‘tinner’ brûke as ‘tinder’ – en mear minsken ‘mâler’ as ‘mâlder’, binne ‘tinner’ en ‘mâler’ wol yn de Foarkarswurdlist opnaam en ‘tinder’ en ‘mâlder’ net. Dat seit net dat dy ferkeard binne. Oer goed/ferkeard docht dy list gjin útspraak.

    Spitiger as dat is dat ‘tinder’ en ‘mâlder’ net opnaam binne yn de list dy’t brûkt wurdt foar de staveringshifker op taalweb.frl. Dy jout dy twa wurden no it pearse streekje fan ‘ferkeard skreaun’, wylst se it ljochtblauwe streekje fan ‘farianten’ ha moatte. Dat is net systematysk it gefal mei sokke farianten: ‘fûlder’ krijt bygelyks wol it blauwe fariantstreekje. Blykber binne guon foarmen oer de kop sjoen.

    Aant skriuwt: “Ik hie no krekt de gewoante en brûk dy foarmen, mar sûnt de foarkarswurdlist doch ik dat net mear.”

    Dat is spitich. Dy beheinende funksje op de skriuwerij fan minsken moat de Foarkarswurdlist net ha. Hy is net bedoeld as skiedsrjochter en ek net as middel om de foarmerykdom fan betûfte skriuwers te beheinen. De Akademy hat him makke foar dy minsken dy’t út it foarmferskaat ien foarm sykje wolle dy’t it meast foarkomt. Dat kin jilde foar lesboekmakkers of … hm, miskien sels wol allinne foar lesboekmakkers. Dat dat net begrepen wurde soe, dêr wie ik lykwols al bang foar.

    Aant syn stik lit neffens my sjen dat der ferlet is fan in wurdlist neffens it mal fan it Groene Boekje (en woordenlijst.org en spellingsite.nu): in list dy’t men ynsjen kin om te witen hoe’t in wurd stavere wurde moat, sûnder dat dêr mei sin faak brûkte foarmen (of útspraakfarianten) út weilitten binne – dêr’t men yn fine kin dat men ‘tinner’ net as ‘tin’r’ of ‘tinnur’ skriuwt en dat men ‘tinder’ net as ‘Tinder’ of ‘tindur’ skriuwt.

    Dan oer de kwestje fan de fergrutsjende treppen: ‘betterder’ en sokke foarmen mear litte sjen dat minsken ferlet ha fan sterke markearringen fan útgongen mei beskate funksjes. Wy sjogge dat ferlet rûnom yn taal en soms stjoert it taalferoaring: de dûbele meartalsútgong op ‘redens’, ‘wolkens’ ensfh. is sa ûntstien, krekt as dy op it Nederlânske ‘kinderen’ en ‘eieren’ – foarmen dy’t in pear hûndert jier lyn like gek wienen as ‘betterder’ dat foar in soad minsken no noch binne. By ‘musea’s’ is dat dûbele meartal noch net algemien akseptearre. De Súdwesthoekske mulwurdútgong -d yn bygelyks ‘sjoend’ en ‘diend’ is der nei alle gedachten ek in foarbyld fan. Foarmen mei in oerstallige persoansoantsjuttend -er lykas ‘herder’ en ‘skutter’ ek.

    Reden om oan te nimmen dat ‘beterder’ yn it Nederlânsk in frisisme wêze soe, is der net. Sterker noch: foarmen lykas ‘beterder’ dûke oeral yn Nederlân op, ek op plakken dêr’t Fryske ynfloed net te ferwachtsjen is. Foar Brabânske en Súd-Hollânske dialekten wurde se ek beskreaun.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.