2021: it Jier fan de otter, ek foar bern
Resint ferskynd
Fan it Fryske Gea
Otters binne skou. Se litte har dus net sa gau sjen, mar by It Fryske Gea kin men der wol fan alles oer te witten komme, en ek te sjen. Wa’t hjir klikt, komt op in webstee mei filmkes. Dy jouwe al hiel wat ynformaasje.

Foto © It Fryske Gea
Otters binne prachtige rôfdieren, dy’t gek op fisk binne. De soarte dy’t wy hjir hawwe hjit dan ek fiskotter. Se kinne goed swimme, wol sa’n 11 oant 14 kilometer yn ’e oere. Se kinne wol 400 meter ûnder wetter swimme sûnder te sykheljen.
Otters binne ek tige boartlik. Se glide graach fan modderwâlen ôf, springe oerinoar hinne en drave of swimme efterinoar oan. Under sok boartsjen skreauwe en krise se en meitsje se in skerp fluitsjend lûd.
Yn Nederlân stoar de otter yn 1988 út. Dat wie spitich. It mei dan in rôfdier wêze, mar yn de natuerbeskerming spilet er in belangrike rol, omdat er troch syn oanwêzichheid oanjout dat it wetter skjin is. It Fryske Gea is der dan ek bliid mei dat er yn 2002 opnij útset is. Dat is goed slagge en dat bewiist dat wêr’t de otter is, it wetter skjin genôch is. Hy bliuwt net op ien plak, mar giet derop út om fisk te finen en sa nije gebieten te ûntdekken dêr’t er oan syn trekken komme kin. As er him dêr ek wer thús fielt, is it bewiis levere dat de wetterkwaliteit dêr ek yn oarder is.
Hy moat lykwols beskerme wurde, want op syn ûntdekkingtochten nei nije gebieten stuitet er ek op ferkearsdiken. Dêr reitsje in soad otters by dea. Mei help fan it Otterfûns soarget It Fryske Gea foar ferbiningen tusken natuergebieten. Troch faunapassaazjes mei buizen ûnder de dyk troch kin de otter feilich oerstekke. As dat net dien wurdt, dan ferdwynt der alle jierren wol in treddepart fan de otters.
Aktiviteiten foar bern
Otterpaad, ûntdekkingsreis troch de Alde Feanen
Foar bern fan 7 oant 12 jier is dat in moaie rûte fan oardel oere. De ynformaasje dêroer is hjir te finen.
Natuerekskurzjes
Freed 16 july: strune foar bern fan seis jier en âlder
Woansdei 11 augustus: otterspoaren synke yn de Noardwaard
Sneon 16 oktober: ekskurzje mei de boat foar bern fan tsien jier en âlder
Tongersdei 21 oktober: fertelle oer de otter en in besite oan de thúshaven fan de otter
Mear ynformaasje dêroer is hjir te finen
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje