Ynvestearring yn popkultuer moat noarden op de kaart sette
Resint ferskynd
- CDA pleitet foar mear tiid om stikstofdoel te heljen 0
- Kulpomper jout himsels by plysje oan 0
- Sjongeres Taylor Swift útroppen ta ‘grutste bekende fersmoarger’ om gebrûk priveefleantúch 0
- Swalkjende Bosk nei definitive plantlokaasjes brocht 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
Der moat mear jild komme foar de popkultuer yn Fryslân. Dat fynt kultuerdeputearre Sietske Poepjes. Sy set yn op ekstra middels foar de Fryske popkultuur en foar Fryske ‘makkers’. De provinsje stipet it Popfabryk yn it lansearjen fan it Platform Popcultuur Fryslân en wol dêr yn ‘e mande mei it ministearje fan OCW ekstra yn ynvestearje.
Foar de kultuermakkers, de kreative sektor yn Fryslân, moat der jild komme fia it Kultuer Kollektyf, in netwurk fan Fryske produksjehuzen. Mei dy ynvestearings yn de popkultuer en de kreative sektor wol de provinsje Fryslân bydrage oan in sterk kultureel Noarden. Fryslân wurket dêrfoar gear mei de provinsjes Grinslân en Drinte en de gemeenten Grins, Ljouwert, Emmen en Assen yn it programma We The North, dat yn 2017 fan start gie.
Yn We the North wurkje OCW en de noardlike oerheden gear oan saken lykas kultueredukaasje en -partisipaasje, publike kolleksjes, it neilibjen fan kulturele koades, tafersjoch op erfgoed en it ûnderinoar útwikseljen fan ynformaasje. We the North 2017-2020 stie benammen yn it teken fan talintûntjouwing. Dat levere foar Fryslân projekten op lykas Up North, Artist in Space, it Festival Up! en de Noordenaars.
Fierder oparbeidzje
Tongersdei tekenje OCW en de partijen efter We the North in nij konvenant foar de perioade 2021-2024. Dêr wolle se fierder mei bouwe om de winst fan 2017-2020 en it Noarden (ynter)nasjonaal goed op de kaart sette.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje