Ynternasjonale krityk op Spaansk taalbelied

april 2, 2021 10:30

Galisië (read) yn Spanje (foto: Wikipedia/Mutxamel – CC BY-SA 4.0)

It kin der net op troch dat der yn Galisyske rjochtbanken gjin Galisysk praat wurde mei of dat skoallen mar sa’n bytsje omtinken foar de streektaal hawwe. Dat skriuwt in groep ûndersikers yn opdracht fan de Ried fan Europa yn in ferslach oer it Spaanske taalbelied.

Spanje hat it Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden ûnderskreaun, mar docht neffens de Europeeske saakkundigen te min foar it Galisysk. Der is te min goed lesmateriaal foar it Galisysk en it Galisysk wurdt te min as fiertaal op skoallen brûkt, sa skriuwe hja.

 

april 2, 2021 10:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jacob Reinink april 3, 12:33

    Jo soene der Galliesk fan wurde!
    un canto a Galicia, hé
    (Julio Inseregejas)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.