Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 2 oant en mei 9 april 2021

april 11, 2021 07:55

Ofrûne wike sakke it tal nije besmettingen mei 7 persint: fan 1650 nei 1529. Dat wie foaral yn ferpleech- en fersoargingshuzen en yn de thússoarch. Dêr binne noch mar in stik of wat klusters. Yn de sikehuzen wiene wol mear besmettingen: 75. Dat wie 14 mear as in wike earder. It tal minsken mei koroana dat dêr opnommen wurdt bliuwt heech. Yn it ûnderwiis sakke it tal besmettingen mei 20 persint. Under 18- oant 30-jierrigen naam it ek ôf, mar ûnder sechstigers gie it bot omheech. Salang’t de koroanagoarre hjir omtysket binne 34.536 ynwenners fan Fryslân posityf test.
Yn de ôfrûne wike binne fjouwer stjergefallen bekend wurden (tsjin sân yn de wike dêrfoar) en 17 moasten nei it sikehûs (tsjin 18 yn de wike dêrfoar).

De gemeentlike sifers (tusken heakjes foarige wike):
Súdwest-Fryslân 337 (313), Ljouwert 233 (247), De Fryske Marren 144 (156), Waadhoeke 126 (112), Noardeast-Fryslân 119 (155), Smellingerlân 107 (129), It Hearrenfean 94 (97), Achtkarspelen 63 (56), Eaststellingwerf 60 (92), Tytsjerksteradiel 55 (90), Weststellingwerf 54 (64), Opsterlân 43 (46), Dantumadiel 37 (56), Harns 31 (30), Skylge 13 (5), It Amelând 11 (1), Flylân 2 (0) en Skiermûntseach 0 (1).

april 11, 2021 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.