Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 16 oant en mei 22 april 2021 

april 24, 2021 07:00 Fernijd

Neidat it tal nije koroanabesmetingen twa wike efterinoar sakke, is it de ôfrûne wike wer wat omheech gien: fan 1460 naar 1499. By jongfolwoeksen naam it al ta en dat setter fierder troch. Tweintich persint fan de positive testen falt yn dy groep. By bern en benammen by 70-plussers nimt it wol ôf.

Yn ferpleech- en fersoargingshuzen sakken de sifers mei sawat de helte, neidat it ferline wike krekt wer efkes tanaam: no 41 tsjin ferline wike 77. Yn it fuortset ûnderwiis gie it fan 126 nei 147.

Fan it begjin ôf binne der no 37.495 ynwenners fan Fryslân dy’t posityf testen. Der wie ôfrûne wike ien stjergefal, it leechste sifer sûnt oktober. Njoggen minsken waarden yn it sikehûs opnommen.

De gemeentlike sifers (tusken heakjes foarige wike)
Ljouwert 202 (195), Súdwest-Fryslân 188 (221), De Fryske Marren 178 (132), Noardeast-Fryslân 130 (119), Smallingerlân 120 (127), It Hearenfean 119 (125), Waadhoeke 100 (114), Eaststellingwerf 90 (58),  Weststellingwerf 74 (77), Tytsjerksteradiel 66 (36), Achtkarspelen 65 (66), Opsterlân 63 (64), Harns 49 (62), Dantumadiel 34 (49), Skylge 10 (5),It  Amelân 9 (9), Skiermûntseach 1 (1) en Flylân 1 (0).

april 24, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.