Wrâldferneamde bylden by Belvédère

april 2, 2021 08:42 Fernijd

De bylden fan de ynternasjonaal ferneamde keunstner Tony Cragg (1949) stean gewoanwei yn wrâldstêden as Feneesje, São Paolo en Sydney. No binne se te sjen yn it museumpark fan Steatsboskbehear om Museum Belvédère hinne.

Wurk fan Tony Cragg (boarne: Museum Belvédère)

Foar en efter it museum binne mar leafst seis monumintale skulptueren te sjen yn de útstalling Tony Cragg – Points of View. It delsetten fan de grutte bylden naam in pear dagen yn beslach, mar ûnderwilens is Craggs ploech dêr klear mei. It proses waard foar in part fêstlein troch Omrop Fryslân.

Klik hjir foar de registraasje.

Tony Cragg is in fan oarsprong Britske byldhouwer dy’t wennet en wurket yn it Dútske Wuppertal. Syn wurken stean ûnder mear yn de kolleksje fan it MOMA yn New York en de Tate Gallery yn Londen. Hy stiet bekend om it brûken fan ûnkonvinsjonele materialen lykas plestik, glêsfezel en kevlar.

Syn skulptueren binne sterk ynspirearre op natuerlike foarmen en bewegingen. Se nûgje út om der omhinne te rinnen en se te besjen, yn in kontinue dialooch mei de omjouwing. Yn it museumpark jouwe se in nije betsjutting oan it lânskip – mei fierten, sichtlinen en yn relaasje ta de ferhâldingen. No al te sjen!

Yn it museum binne fjouwer kabinetten fan de westfleugel – en it museumkafee – wijd oan it wurk fan de keunstner, mei lytsere skulptueren en wurken op papier. Dat is o/m 26 septimber te sjen sa gau’t de musea wer iepen binne.

By de útstalling Tony Cragg – Points of View sil in katalogus mei deselde namme ferskine.

Wurk fan Tony Cragg (boarne: Museum Belvédère)

april 2, 2021 08:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.